Christine Wttewaall van Stoetwegen

Ut Wikipedy
Christine Wttewaall van Stoetwegen
politikus
Frelle Wttewaall van Stoetwegen (1965)
Frelle Wttewaall van Stoetwegen (1965)
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 1 jannewaris 1901
berteplak Amsterdam
stjerdatum 15 oktober 1986
stjerplak De Haach
partij Kristlik-Histoaryske Uny
Lid fan de Twadde Keamer
amtsperioade 1945-1971
offisjele webside
parlement.com Biografy

Jonkfrou, mr. Christine Wilhelmine Isabelle Wttewaall fan Stoetwegen (Amsterdam, 1 jannewaris 1901De Haach, 15 oktober 1986) wie in Nederlânske jurist en politika. Ut namme fan de Christelijk-Historische Unie (CHU) wie sy jierrenlang lid fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal. De efternamme 'Wttewaall' wurdt útsprutsen as 'utewaal'.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Frelle Wttewaall fan Stoetwegen tusken hippys by it Nasjonaal Monumint op de Dam, 20 april 1971
Regearingsferklearring maart 1951, mei nei sa'n 32 sek.: freule Wttewaall.
(Polygoon Hollands Nieuws)

Jonkfrou Wttewaall van Stoetwegen, telg út de famylje Wttewaall, wie dochter fan jhr. Henri Alexander Wttewaall fan Stoetwegen (1867-1941) en jkfr. Catharina Cornelia van Swinderen (1871 -1930), telch út it geslacht Van Swinderen. Se studearre fan 1922 oant 1928 rjochten oan de Ryksuniversiteit Leiden. Yn de Twadde Wrâldoarloch kaam se fia har broer Oncko yn oanrekking mei George Maduro, dy 't se holp mei ûnderdûken. Yn novimber 1945 waard sy foar de CHU lid fan de Twadde Keamer, dêr 't sy oant 1971 in sit hie. Hoewol't hja grifformeard grutbrocht waard, hearde se yn har lettere libben ta de middenmoat fan de Nederlânske Herfoarme Tsjerke.

Se hie goede persoanlike kontakten mei de keninklike famylje. Sa wie sy befreone mei keninginne Juliana. Healwei de sechstiger jierren, yn de tiid fan perikels oangeande it houlik fan de doetiidske prinses Beatrix mei Claus von Amsberg, naam hja - oars as de opfetting fan de measte minsken- in ôfwikende, positive hâlding yn foar Claus oer en neamde him 'in seine foar it lân'.

Wttewaall har fertsjinsten yn de Twadde Keamer lizze op ferskate mêden. Sa pleite se yn de jierren fjirtich foar bettere omstannichheden yn finzenissen en yn de fyftiger jierren foar lykberjochtiging fan de frou (gelyk salaris as de man, gjin ûntslach by houlik). Ek wie hja in aktyf lid fan 'e parlemintêre enkêtekommisje dy 't it belied fan it regear yn 'e Twadde Wrâldoarloch ûndersocht.

Yn in nachtlik keamerdebat op 26 novimber 1970 mei in soad betiizjende moasjes en tsjinmoasjes wêrby 't hja by fersin ferkeard stimd hie, stelde hja út de sitting te beëinigjen, en sei ... dat is gekkenwerk!!. Dy útspraak makke har in skoftlang populêr by freon en fijân.

Har autobiografy ferskynde yn 1973 ûnder de titel De freule vertelt. Christine Wttewaall fan Stoetwegen ferstoar yn de âldens fan 85 jier.

Persoanlik[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Frelle Wttewaall van Stoetwegen wenne yn flatgebou Oldenhove oan de Laan van Meerdervoort yn Den Haach. Hja stie bekend ûnder de bynammen de rode freule, de oranje freule, of koartwei de freule. Troch de prinsessen waard se Tante Bol neamd. Foar famylje en freonen wie it (Tante) Bob. Se waard beïerdige op it Algemiene Begraafplak Kerkhoflaan yn De Haach, net fier fan Johan Rudolph Thorbecke, Pieter Jelles Troelstra en Albert Plesman harren grêf.

Neitins[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Yn de Twadde Keamer is de Wttewaall van Stoetwegenseal nei har ferneamd.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • C.W.I. Wttewaall van Stoetwegen: De freule vertelt. Bosch en Keuning, Baarn, 1973. ISBN 9024641381

Keppelingen om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]