Cascade-slûzen en -kanaal

Ut Wikipedy
Cascade-slûzen en -kanaal
Cascade Locks and Canal
bouwurk
Oerbliuwsel fan de âlde slûzen
Oerbliuwsel fan de âlde slûzen
lokaasje
lân flagge fan de Feriene Steaten Feriene Steaten
steat Oregon
plak Cascade Locks
koördinaten 45° 40' 07" N 121° 53' 47" W
bysûnderheden
type bouwurk slûzen
boujier 1896
sloopjier 1938 (bûten gebrûk rekke troch oanlizzen Bonneville-daam
kaart
Cascade-slûzen en -kanaal (Oregon)
Cascade-slûzen en -kanaal
Lokaasje yn Oregon
Bailey Gatzert yn de Cascade-slûzen, omtrint 1915.

De Cascade-slûzen en it Cascade-kanaal, yn it Ingelsk de Cascade Locks and Canal neamd, wiene in slûs en in kanaal by in streamfersnellings lâns yn 'e rivier de Kolumbia, dy't de grins foarmet fan de Amerikaanske steaten Oregon en Washington. De slûs en it kanaal wiene sitewearre by it plakje Cascade Locks, yn Oregon. De streamfersnellings dêre, wie hinderlik foar de skipfeart. De wetterwurken makke de trochgong fan de rivier feiliger en botte gaadliker foar gruttere frachtskippen. It projekt wie ree yn 1896. Yn 1938 wie de Bonnevilledaam foltôge, in keardaam dy't sa'n 6 km streamôf leit. Dit late ta in ferheging fan it wetternivo efter de daam. De slûs rekke dêrtroch oerstallich en waard foar in part ôfbrutsen en strûpte foar in oar part ûnder wetter.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar 1846 moasten kolonisten oer it Oregon Trail rjochting de westkust fan Noard-Amearika harren hynders en weinen by The Dalles op de Kolumbia op boaten lade.[1] De boaten fearen de rivier del nei de streamfersnellings by Cascade Locks. Foarby dat punt wie it hast ûnmooglik en reizgje noch fierder oer de rivier, dat sadwaande waarden de boaten dêr lost en moast men dêrnei wer fierder oer lân, by de streamfersnellings lâns. Nei dizze rige fan streamfersnellings en wetterfallen koene oare boaten de frachten wer oplade en koe men fierder oer it wetter rjochting Portland gean. Yn 1846 kaam it Barlowpaad ree.[2] Dat wie in rûte oer lân fan The Dalles ôf nei Oregon City yn de Delling fan de Willamette. Dizze tolwei rûn troch it berchtme fan de Cascades, en wie dêrom tige dreech om grutte frachten oer te ferfieren. Transport oer it wetter bleau sadwaande oantreklik.

Yn de jierren tusken 1850 en 1860 wie der njonken de rivier in spoarline oanlein foar ferfier oer lân. De Oregon Steam Navigation Company hie in monopoalje, want dizze maatskippij wie eigner fan de treinen en skippen yn hannen.[3] Dat soarge foar in ûnoantaastbere merkposysje, mei as gefolch dat de kosten hieltyd heger waarden. Reizgers en ferfierders sochten dêrom nei alternativen. Nei lang oantrúnjen joech it Amerikaansk Kongres yn 1876 tastimming foar it oanlizzen fan in slûs by Cascade Locks, dat doe noch 'Whiskey Flats' hiet.

De ûndernimming Ball & Platt út New York wist de bou-opdracht te bemachtigjen en sette yn 1879 mei it projekt útein. It gânse projekt besloech hast 20 jier en op 5 novimber 1896 waarden de Cascade-slûzen en it Cascade-kanaal offisjeel yn gebrûk naam. De lange boutiid hie te krijen mei min waar, lykas stoarmen, sniefal en hege wetterstannen yn de rivier. Ek de drege oanfier fan it bou-ark wie in probleem. De totale boukosten bedroegen $3.891.536,83.[4]

It doarp Cascade Locks, dat dy nije namme ûnder de oanlis fan it projekt krige, hie yn 1880 sa'n 100 ynwenners en krige der 350 minsken by, dy't oan it projekt meiwurken. It fiskjen nei salm wie in wichtige boarne fan ynkommen fan de ynwenners en it ynwennertal wie om 1900 hinne stige ta 550. [5]

Untwerp[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De streamfersnelling en wetterfal leine sa'n 70 km eastlik fan Portland. Súdlik fan de rivier waard in kanaal groeven en in skutslûs boud. It kanaal wie 900 meter lang en 27 meter breed. De slûs hie twa kolken. Skippen mei in lingte fan 120 meter en in djipte fan 2,4 meter koene gebrûk meitsje fan de slûs. De slûskolken wiene grut genôch en lit ferskate skippen tagelyk skutte.

Hjoed de dei[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Cascade-slûzen (útsjend nei it easten) mei de Bridge of the Gods. Thunder Island leit rjochts.

Yn 1938 wie de Bonnevilledaam ree. Dy keardaam leit sa'n 6 km streamôf fan de skutslûs. Neitiid stige efter de daam it wetternivo fan de rivier, en de leechste slûskolk en in part fan it kanaal strûpten ûnder wetter. It hegere part fan de slûs en it kanaal binne noch te sjen, en foarmje no ûnderdiel fan it Cascade Locks Marine Park yn Cascade Locks. De slûsdoarren binne nei de Twadde Wrâldkriich fuorthelle. Oer de slûs leit in rinbrêge nei Thunder Island. Dat eilân leit tusken de stream en it kanaal yn.[6]

De slûs en omkriten binne sûnt 1 maaie 1974 opnaam yn it Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken[7].

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: