Springe nei ynhâld

Camstrastate (Furdgum)

Ut Wikipedy
Camstrastate

Camstrastate wie in eardere state oan de Camstrawei yn Furdgum. It is no in kop-hals-romppleats. De stinskelder en opkeamer binne ûnderdiel fan de pleats.

Foar 1500 is der net folle bekend oer eigeners en bewenners, mar dat sille grif leden fan de aadlike Camstra’s west hawwe. Yn it 'Register van den Aanbreng' fan 1511, in ynventarisaasje fan it ûnreplik guod yn Fryslân en de eigeners en brûkers dêrfan, dêr't belesting oer betelle wurde moast, wurdt ek de namme "Juw Roerde" neamd.
De state sil troch houlik yn it laach Roorda komd wêze. Yn de genealogy fan it laach Roorda út it tichtby lizzende Tsjummearum wenne doe in Ruurt Roorda, dy't troud is mei Syts Riencksdr. Camstra. Hy is de âldste út in húshâlding fan tsien bern. Juw Roorda is de jongste út de húshâlding en blykt yn dy tiid yn Furdgum wenne te hawwen. Mooglik wenne Juw Roorda op Camstrastate om syn minderjierrige neefke Rienck en syn noch jongere broerke, berne fan Ruurt en Syts, op te fieden en it besit te behearen nei it ferstjerren fan harren âlden.

Rienck fan Roorda en syn vrouw Rixt Sickedr. fan Juckema hawwe net harren heule houlikslibben op Camstrastate wenne, want yn 1543 wenne syn neef Taco fan Roorda op de state.

Boukundige ynformaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op de plattegrûn fan de hjoeddeiske Camstrastate is yn de noard-eastlike hoeke fanit hûs in hast fjouwerkant fertrek te sjen fan sa'n 4,40 by 4,70 meter. De muorren dêrfan binne dik, dûbelddik. Yn de lette Midsiuwen wie dit de stienen ferdigeningstoer by in foar it meastepart fan hout oplutsene wenhûs fan in haadling. Ek de rest fan de east- en noardmuorren binne in stik dikker as dy fan de west- en súdnuorren, dy't op harsels ek al dikker binne as normaal. Ek de binnenmuorre tusken de hal en de foarkeamer yn de noard-westhoeke is dikker as de oare skiedingsmuorren. Dit soe der op wize kinne dat it hûs yn it ferline meardere kearen fan gedaante feroare is.

  • ± 1500 Syts Riencksdr. Camstra, troud mei Ruurt Roorda
  • 1511 - Juw Roerde of Roorda
  • 1549 - Rienck fan Roorda en syn frou Rixt Sickedr. fan Juckema
  • 1549 - 1560 Ruurt fan Roorda, troud mei Hylck Galedr. fan Galama
  • 1560 - 1596 Hylck Galedr. fan Galama
  • 1596 - 1605 Ael fan Roorda, troud mei Werp Werps fan Juckema
  • 1605 - Ruurt fan Juckema en syn frou Edwer Gerroltsdr. fan Cammingha
  • ± 1626 - Gerrolt fan Juckema
  • - nei 1691 - Edwert fan Juckema, troud mei Duco Martena ffan Burmania
  • ± 1691 - 1705 Taco fan Burmania
  • 1705 - 1711 erven fan Taco fan Burmania
  • 1711 - 1728 Rinse Rinses Roorda
  • 1728 - 1738 Mink Cornelis (pachter)
  • 1748 - 1758 Pytter Steffens (pachter)
  • 1758 - Broer Pytters (pachter)
  • 1768 - 1788 Abele Jans (pachter)
  • 1788 - 1798 Ids van Loon (pachter)
  • 1818 - Klaas van Gelder (pachter)
  • 1819 - nei 1945 familie Telting
  • 1828 - 1863 Mr. Albartus Telting
  • na 1945 - de hear en frou Van der Weg
  • 1983 - famylje Yep Hettinga
  • Ate Jacob Bijlsma (oant 2020)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: