Bussum

Ut Wikipedy
Lizzing Bussum
Gemeentehûs Bussum

Bussum is in frij begoedige forinzeplak en eardere gemeente yn in de regio it Goai, yn it súdeasten fan de provinsje Noard-Hollân. Op 1 jannewaris 2016 gie de gemeente Bussum, dy't fan 1817 ôf bestien hie, op yn 'e nije gemeente Goaiske Marren.

De gemeente hat 32.128 ynwenners (2009) (op it hichtepunt yn 1966 noch 42.000) op in oerflak fan mar 8 km² mei amper wetteroerflak. Dêrmei is Bussum yn oerflak de lytste, tichtstbefolke, mar neffens ynwennertal ek de sterkst krimpende gemeente fan it Goai, noch sterker as de sustergemeente Hilfertsom. Nei Hilfertsom en Huizen hat it de measte ynwenners. Groei is lykwols binnen dizze grinzen net maklik. It ynwennertal rint de lêste desennia hieltiten fierder werom en de befolking fergrizet. Bussum is in 'krimpgemeente' wurden. Begjin 2007 wie 19% fan de ynwenners âlder as 65. It trochsneed ynkommen leit yn Bussum leger as dat yn de lytsere omlizzende plakken Blaricum, Laren en Naarden, mar heger as dat yn it gruttere Hilfertsom en Huizen.

Berne yn Bussum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bussum fan Wikimedia Commons.