Bruno Brazil

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Bruno Brazil is in rige stripferhalen fan it genre: spionaazje en triller, dat tekene is troch William Vance op in ferhaal fan Louis Albert (in oare pseudonym fan Greg). It is in realistysk tekene aksjestrip út de sântiger jierren dat ferskenen is yn it wykblêd Kuifje en yn albumfoarm útjaan wurdt troch Le Lombard.

De haadpersoan fan it stripferhaal is Bruno Brazil, in geheim agent dy't in lytske spesiale ienheid fan de Amerikaankse geheime tsjinst liet en dat bekend stie ûnder de kodenamme "Commando Kaaiman". Alle seis leden fan it kommando hawwe in unike eigenskip. Alhoewol't skitterend tekene troch fakman Vance docht de rige tsjintwurdich wat dateare oan. De ynfloed fan Greg is hjir benammen debet oan, foaral troch syn somtiids wat moralistysk oandoggende dialogen. Lykwols stekke de plots oer it mêd goed yn inoar. De Strip wie yn safiere fernijend dat alle helden stoarne. Wat Vance oanbelanget moat sizzen wurde dat hy yn dizze rige neffens syn oare wurk tige eksperiminteel en fernijend te wurk west hat, benammen de kleureffekten en plaatyndieling wienen foarútstribjend..

Albums[bewurkje seksje | edit source]

  • De Haai Die Tweemaal Stierf (1970)
  • Commando Kaaiman (1969)
  • Ogen Zonder Gelaat (1971)
  • De Versteende Stad (1972)
  • De Nacht Der Jakhalzen (1973)
  • Dodendans In Sacramento (1974)
  • Kaaimannen In Het Rijstveld (1975)
  • Storm Op De Aleoeten (1976)
  • Quitte Of Dubbel Voor Alak 6' (1977)
  • Dossier Bruno Brazil (2001)
  • Het Einde...!?? (1995)

Boarne[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling omt utens[bewurkje seksje | edit source]