William Vance
William Vance is it pseudonym fan de Belgyske striptekener William van Cutsem (8 septimber 1935, Anderlecht). Hy is benammen bekend as de tekener fan XIII (lês: trjettjin). De skriuwer fan dy rige is Jean Van Hamme.
Vance wie fan syn bernetiid ôf al hielendal fassinearre troch strips en benammen troch yllustrators dy't realistyske tekenigs makke. Hy studearre oan de Keninklike Akadeemje foar Skoandere Keunsten te Brussel, mar hy krige it tekenen pas goed yn 'e fingers doe' t er it fak learde yn 'e reklamewrâld dêr't hy 6 jier trochbrocht foardat hy him foargoed oan it meitsjen fan strips weage. Ut dy tiid stamt ek syn skûlnamme Vance.
Yn 2005 krige Vance de Flaamske Kultuerpriis foar de Strip, better bekend as de Brûnzen Adhemar, tidens it stripfestival yn Turnhout. Vance wennet sels sûnt 1979 yn Spanje, earst yn Valladolid en letter yn Santander.
Publikaasjes [bewurkje seksje]
- 1962 - 1967: om-ende-by 60 koarte ferhalen foar it wykblêd 'Kuifje'.
- 1964 - 1969: Howard Flynn
- 1965 - 1978: Ringo
- 1968 - 1982: Bruno Brazil
- 1968 - 1979: Bob Morane
- 1971 - 1972: twa ferhalen dy' net yn albumfoarm ferskynd binne, nammentlik XHG-C3 en Mongwy. Yntusken is XHG-C3 wol ferskynd.
- 1973: Twa albums fan Roderik
- 1974 - 1983: Ramiro
- 1976 - 1986: Bruce J Hawker
- 1984 - heden: de rige XIII (striprige)
- 1991: spin-off fan de rige Blueberry ûnder de haadtitel 'Marshal Blueberry'.