Brolgakraan

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Brolgakraan
Grus rubicunda.jpg
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Kraaneftigen (Gruiformes)
Famylje: Kraanfûgels (Gruiidae)
soarte
Grus rubicunda
Grus rubicunda

De Brolgakraan (Grus rubicunda), ek wol Australyske Kraan neamd, is in fûgel út de famylje fan de Kraanfûgels. De fûgel waard yn 1810 foar it earst wittenskiplik beskreaun en waard doe yn it skaai fan de reagers set. Dat is letter feroare. De fûgel hie fanôf 1865 de namme "Australyske Kraan". Yn 1926 is de namme troch de Royal Australasian Ornithologists Union feroare yn "Brolga". Dizze namme komt út de taal fan de Aboriginals.

Foarkommen[bewurkje seksje | edit source]

De Brolgakraan wurdt sa'n 125 sm grut. Syn fearren is binne griiseftich. Syn wjukken hawwe in spanwiidte fan 1,7-2,4 meter. Op har kop hawwe de folwoeksen fûgels fan de Brolga in opfallende brede reade bân. De fûgels wage tusken de 6 en 7 kilogram. De Brolgakraan kin maklik betiisd wurde mei de Sarus Kraan dy't ek wol yn Austraalje foarkomt. By de Sarys Kraan is lykwols de hiele hals read.

Fersprieding[bewurkje seksje | edit source]

De Brolgakranen komme yn grutte tallen foar yn Noard- en Noard-east Austraalje, foaral it noard-easten fan Queensland, en komme ek mear nei it suden foar oant Victoria ta. Se komme ek foar yn it suden fan Nij Guinea en inkelde eksimplearren op Nij Seelân. It binne gjin trekfûgels mar ôfhinklik fan it rein-seizoen wolle se wol is nei in oar gebiet lúke.

Iten[bewurkje seksje | edit source]

De Brolgakranen ite meast sompe- en wetterplanten en ek ynsekten en oare lytse dieren sa as kikkerts.

Fuortplanting[bewurkje seksje | edit source]

Lykas de oare Kraanfûgels hat de Brolgakraan in opfallende balts. It nêst wurdt troch beide âlden makke fan plantemateriaal lykas gers op in lytse ferheging yn de sompen. It wyfke leit meastentiids twa aaien dy't troch beide âlden útbret wurde. De jonge fûgels kinne it nêst fuortendaliks ferlitte en bliuwe noch op syn minst 11 moannen by de âlden foardat se harren sels rêde kinne.