Boumantsje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Boumantsje
Motacilla alba alba.JPG
taksonomy
Klasse: Aves (fûgels)
Skift: Moskeftigen (Passeriformes)
Famylje: Boumantsjes (Motacillidae)
soarte
Motacilla alba

It Boumantsje (Motacilla alba) is in 18 sm grutte fûgel út de famylje fan de Boumantsjes.

Foarkommen[bewurkje seksje | edit source]

It boumantsje sit opfallend swart-wyt in de fearren. Hy hat in wite kop mei in swarte kiel en kape. Fierder hat er in grize rêch en syn wjukken hawwe swart-wite streken. Hy hat in wite búk. De fûgel hat lange fine poaten en in lange swarte sturt. It is in drok fûgeltsje dat op de grûn rûntripket en dan sa no en dan stil stean bliuwt wêrby't hy karakteristike wippende bewegingen makket mei syn sturt. Fandêr ek de namme boumantsje wipsturt.
It Swart Boumantsje wurd ek wol as ûndersoarte fan it boumantsje rekkene. Hy ferskilt fan it boumantsje troch syn swarte rêch (by boumantsje griis). Dêrtroch liket er folle donkerder.

Fersprieding[bewurkje seksje | edit source]

De boumantsjes binne in protte yn it iepen fjild te finen, meast yn de buert fan wetter. Ek komme se wol tichtby de minsken yn doarpen, op buorkerijen ensfh. It boumantsje komt foar yn hiel Europa. Yn it noarden, easten en sintraal Jeropa is it in trekfûgel mar yn it westen en suden komt er it hiele jier foar.

Iten[bewurkje seksje | edit source]

It Boumantsje yt meastentiids ynsekten, foaral miggen, neven en mychammels.

Fuortplanting[bewurkje seksje | edit source]

It wyfke bout in nêst yn in holte, bygelyks yn in muorre, in hol yn in beam, in stapel boumateriaal. Meastentiids wurde twa kear per jier 5-6 aaien útbret. It wyfke sit sa'n 12 oant 15 dagen op de aaien te brieden. Dêrnei wurde de jongen twa wike lang troch beide âlden fuorre foardat se útfleane.