Boskoaljefant

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Afrikaanske boskoaljefant

De Boskoaljefant (Loxodonta cyclotis) is in soarte yn it skaai fan de Afrikaanske Oaljefanten. It is de lytste soarte út it skaai, wat lytser as de Savanne-oaljefant.

Karakteristiken[bewurkje seksje | edit source]

Lykas alle soarten út it skaai fan de Afrikaanske Oaljefanten, heart de Boksoaljefant ta de grutste hjoeddeiske lânbisten op ierde. De Boskoaljefant komt allinnich foar yn it Afrkaanske reinwâld, benammen it leechlân-reinwâld fan West- en Sintraal-Afrika. In boskoaljefant kin in libbensgebiet fan wol 60 kante kilometer hawwe,

Daalks werkenber binne de slagtosken fan de Boskoaljefant, dy't lang en rjocht binne en nei ûnder stekke. De Boskoaljefant wurdt trije oant fjouwer meter lang, mei in sturt fan 50sm oant 120sm. In bolle kin 280sm heech wurde en fjirdeheal ton swier. De Boskoaljefant is net sa grut as de Savanne-oaljefant, en hat ek rûnere earen.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Oant 2001 wie de soarte Loxodonta africana de Afrikaanske Oaljefant, mei de twa ûndersoarten, de Savanne-oaljefant, Loxodonta africana africana en de Boskoaljefant Loxodonta africana cyclotis. Dat jier die lykwols bliken dat de twa ûndersorten net neier besibbe wienen as de Tiger oan de Liuw, dat de soarte waard opdield yn Loxodonta africana en Loxodonta cyclotis.

Lykas mear foarkomt by bistesoarten dy't yn de bosk libje, binne der fan de Boskoaljefant mûglik populaasjes fan in lytser postuer. Dêr wurdt ferskillend oer tocht: Guon wittenskippers sjogge dat as in ûndersoarte, de Afrikaanske Dwerchoaljefant (Loxodonta cyclotis pumilio), guon sels as in aparte soarte Loxodonta pumilio, wylst oaren klam lizze op it ûntbrekken fan wittenskiplik bewiis foar in aparte populaasje.

Loxodonta pharaoensis[bewurkje seksje | edit source]

Oant yn de 1e ieu of 2e ieu libben yn it noarden fan Afrika oaljefanten dy't beskôge waarden as in soarte apart fan de Afrikaanske Oaljefant, de Loxodonta pharaoensis. It is noch net dúdlik of dy no as Boskoaljefanten sjoen wurde moatte, of as in aparte tredde soarte.

Klassifikaasje[bewurkje seksje | edit source]