Boffert

Ut Wikipedy

In boffert of trompkoeke is in Frysk bakkersprodukt. It wie waarm iten foar earmelju en waard iten mei op elk plak bûter en sûker, of sjerp.[1] It is in soarte keek en waard ek wol iten mei waarme fanyljsaus. Bofferts waarden makke fan moal, molke, krinten, aaien en gist. Letter kamen der ek moderne resepten.

Fanâlds waarden bofferts as kreamkadootsje jûn troch de neiste buorlju. By de berte fan in jonge waard in krinteboffert jûn, en by in famke in sûkerboffert.[2]

Yngredïnten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 265 gram selsrizend bakmoal (of 265 gram blom + 8 gram bakpoeier)
  • 230 milliliter molke
  • 2 lytse aaien
  • 60 gram resinen
  • in klûntsje sachte bûter
  • 2 ytleppels panearmoal
  • 1½ ytleppel (poeier)sûker
  • 1 teeleppel kaniel
  • 1 sitroen

Wurkwize[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. Wel de resinen 10 minuten yn in komke hjit wetter
  2. Klopje yn in grutte kom it selsrizend bakmoal, de aaien en de molke troch elkoar.
  3. Meitsje fan de sitroenskyl wat sitroenrasp en spatelje dat mei de ôfjitten resinen troch it beslach.
  4. Fetsje de boffertpanne (en it lid) goed yn mei in klûntsje bûter. Doch it panearmoal yn de panne, doch it lid der op en skodzje de panne hin-ende-wer, sadat it panearmoal moai troch de hiel panne ferspriede is.
  5. Rier de sûker en keniel troch elkoar. Strui dit ûnderyn de boffertpanne.
  6. Jit it beslach yn de boffertpanne (dy is no foar 2/3 fol). Doch it lid op de panne.
  7. Set de boffertpanne yn in pane mei kâld wetter, dat oant ûngefear twa fingers ûnder it lid fan de boffertpanne komt. De boffertpanne moat net driuwe. Bring it wetter oan de kôk en lit de boffert 1½-2 oeren sêft koitsje. Kontrolearje geregeldwei oft de panne net droechsiert; jit der eventueel wat wetter by.
  8. Helje de boffertpanne út it hjitte wetter. Helje it lid der ôf en sjoch oft de boffert gear is: in sateepripper moat derskjin útkomme. Lit de boffert in minút of fiif yn de foarm ôfkuolje. Kear de foarm dêrnei om op in board of snijplanke. At it goed is komt de boffert sûnder muoite út de panne. Op de boppekant sit in lekkere brune laach raande sûker mei kaniel.
  9. Yt de boffert waarm mei bûter en brune sûker, of mei in sjerpsaus. De sjerpsaus kin simpel sels makke wurde: waarmje 200 gram sjerp op en ming dêrnei 100 gram (boere)bûter troch de waarme sjerp.

Boffertspanne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der wienen eartiids spesjale boffertspannen. Sa’n spanne sjocht der út as in smelle tulbânfoarm mei in lid der op. Wa’t gjin boffertpanne hat, kin ek in tulbânfoarm brûke, mar dan moat de boffert yn de ûne bakt wurde. Ferwaarmje dan de ûne foar op 180 graden, en bak de boffert yn ûngefear in oere gear.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Ald resept
  2. ferwenpakketten fan de bakker