Boergondysk

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Boergondysk
oare namme(n): n.f.t.
eigen namme: ?
Ingelske namme: Burgundic, Burgundian
sprutsen yn: n.f.t. (útstoarn)
taalgebiet: it súdeasten fan 'e Romeinske provinsje Galje, dat tsjintwurdich it westen fan Switserlân, oangrinzgjende dielen fan Frankryk en de Aostadelling yn Itaalje omfettet
tal sprekkers (n.f.t.): gjin
dialekten: gjin
taalklassifikaasje: Yndo-Jeropeesk - Germaansk - Eastgermaansk - Boergondysk
skrift: n.f.t.
bibeloersetting: gjin
taalstatus: n.f.t.
taalkoade ISO 639-1: -
taalkoade ISO 639-2: gem
taalkoade ISO 639-3: -

It Boergondysk is in útstoarne taal, dy't diel útmakke fan 'e Eastgermaanske taalkloft. It wie nau besibbe oan ûnder mear it Goatysk en it Fandaalsk.

It waard sprutsen troch de Boergonden, in folk dat yn 'e earste ieu nei Kristus mei de oare Eastgermaanske folken weiteach út harren stamlân yn Skandinaavje. Faak wurdt it Deenske eilân Bornholm ("Burgundarholm") mei har ferbûn; dêr soenen se fan 'e earste oant 'e trêde ieu taholden hawwe.

Yn 407 stutsen se, nei jierrenlange omswalkings, de rivier de Ryn oer om in keninkryk te stiftsjen yn it noardwesten fan 'e Romeinske provinsje Galje, mei as haadstêd Borbetomagus, it tsjintwurdige Worms. Yn 437 waard dat earste Boergondyske keninkryk oerweldige troch de Hunnen, in feit dat letter opnommen is yn it Aldheechdútske Nibelungenliet.

Yn 443 stiften de Boergonden lykwols in nij keninkryk yn it súdeasten fan Galje, it gebiet dat tsjintwurdich it westen fan Switserlân, oangrinzgjende dielen fan Frankryk en de Aostadelling yn Itaalje omfettet. Dat twadde keninkryk bestie fuort oant 534, doe't it ferovere waard troch de Franken. Uteinlik gongen de Boergonden op yn 'e Gallo-Romaanske befolking fan dy kontreien. De Boergondyske taal stoar nei alle gedachten oan 'e ein fan 'e sechsde of yn 'e sânde ieu út.

Oer it Boergondysk is fierders net in protte bekend, fral om't it net skriftlik oerlevere is. Wol hat it as superstraattaal dúdlike spoaren efterlitten yn 'e dialekten fan Boergonje, Savoaye en it Switserske Pays de Vaud. Benammentlik op grûn dêrfan wurde dy ûnder de namme Franko-Provinsaalsk noch altyd fan sawol it Frânsk as it Oksitaansk ûnderskaat.