Blinefink

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Blinefink is in gerjocht, makke fan krûde gehak, omwuolle mei in tin lapke fleis (bygelyks keallefleis of skinke). In bysûndere foarm fan de bline fink is de slaadfink dêr't it gehak by omwuolle wurdt mei spek.

De blinefink wurdt bret en oer it generaal iten by it jûnsmiel mei jirpels en griente. Dêrby wurdt (in diel fan) it fet dêr't it fleis yn bret is, oer de jirpels getten.

De blinefink is ien fan de earste troch de Nederlânske slachters tarieden kombinaasjeprodukten mei fleis mar wurdt minder iten as de goedkeapere slaadfink.