Slaadfink

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Slaadfinken

In slaadfink is in rôltsje bargegehak omwuolle mei spek. Dit wurdt sa yn de bûter of oalje bret yn in koekepanne en as fleis by it middeis- of jûnsmiel iten. It is belangryk dat it brieden op net te heech fjoer dien wurdt, oars is it spek oanbaarnd eardat it gehak gear is.

De slaadfink is ien fan de meast iten kant-en-kleare fleisprodukten yn Nederlân, dat ûndanks de priis, want omrekkene de kilo, wurdt by de slaadfink meast foar it gehak betelle.

Oarspronklik wie in goede slaadfink omwuolle troch trije plakjes spek. [1] Troch it kostenaspekt en de produksjetiid meitsje in soad slachters de slaadfinken tsjintwurdich mei ien of heechút twa plakjes spek.

De slaadfink is in fariant fan de oarspronklike bline fink.

Referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

  1. J.W. Baretta (red.), Moderne beenhouwerij en charcuterie in woord en beeld (N.V. Centraal Boekhuis, Antwerpen, twadde printinge, 1965), 260

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]