Blauwe Wikel

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Blauwe Wikel
Faucon hobereau.jpg
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Rôffûgels (Falconiformes)
Famylje: Falken (Falconidae)
soarte
Falco subbuteo

De Blauwe Wikel (Falco subbuteo) is in lytse rôffûgel út de famylje fan de falken.

Oare nammen[bewurkje seksje | edit source]

De Blauwe Wikel wurdt yn it Frysk ek wol oantsjutten mei: Beamwikel as Beamfalk.

Foarkommen[bewurkje seksje | edit source]

De Blauwe Wikel wurdt tusken de 30 en 36 sm grut. It wyfke is wat grutter as it mantsje, mar fierder ha se in protte fan mekoar. De boppekant fan de fûgel is leigriis, de ûnderkant is wyt mei grize streken. De ûnderkant fan de sturt en de fearren rûnom de poaten hawwe in readbrune kleur. Yn de loft docht de wikel mei syn smelle sikkelfoarmige wjukken en koarte swellesturt tinken oan in grutte toerswel.

Fersprieding[bewurkje seksje | edit source]

De Blauwe Wikel komt hast yn hiel Jeropa foar. Yn Grut-Brittanje lykwols allinnich yn it suden fan Ingelân en yn Skandinaavje allinnich yn it suden en by de Eastsee bylâns. Neist Jeropa komt de Blauwe Wikel ek foar yn grutte parten fan noard- en Sintraal-Aazje, oan't yn Noard-Sina en Japan.

De Jeropeeske fûgels oerwinterje yn it suden fan Afrika, de fûgels út Aazje yn it noarden fan Yndia en Pakistan en yn it suden fan Sina.

Iten[bewurkje seksje | edit source]

De Blauwe Wikel yt it leafst grutte ynsekten sa as hynstebiters dy hy yn de loft fangt en opyt. Ek lytse fûgels fangt er yn de flecht. De Blauwe Wikel kin sels sa hurd fleane dat er swellen yn de loft fange kin.

Fuortplanting[bewurkje seksje | edit source]

De Blauwe Wikel komt yn april werom út it oerwinteringsgebiet. Hy brûkt âlde nêsten fan Krieën en oare fûgels. Yn begjin juny leit it wyfke 2-3 aaien. Nei 28 dagen brieden komme de jongen út it aai. Nei likernôch in moanne ferlitte de jongen it nêst en koart dêrnei fleane se út.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]