Bisdom Innsbruck

Ut Wikipedy
Wapen bisdom Innsbruck

It bisdom Innsbruck (Latyn: Dioecesis Oenipontana) is in Eastenryksk bisdom fan de tsjerkeprovinsje Salzburg. It bisdom omfiemet it westlike en it middendiel fan Noard-Tiroal en East-Tiroal. De grins mei it aartsbisdom Salzburg wurdt histoarysk troch de rivier de Ziller yn it Zillertal foarme.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It gebiet fan it tsjinwurdige bisdom Innsbruck foel eartiids foar in hiel skoft ûnder it bisdom Brixen. Oant de 19e iuw besieten de bisdommen Chur en Augsburg ek noch dielen fan it hjoeddeiske bisdom Innsbruck. Mei de ôfskieding fan Súd-Tiroal nei de Earste Wrâldkriich waard foar it Eastenrykske oandiel fan it eardere bisdom Brixen it Apostoalyske Buro Innsbruck-Feldkirch ynsteld.

Op 6 augustus 1964 waard it bisdom Innsbruck-Feldkirch stifte. Oant de stifting fan it bisdom Feldkirch yn 1968 foel ynearsten ek de dielsteat Vorarlberg ûnder it bisdom Innsbruck. Yn it ramt dêrfan ferfoel ek de tafoeging fan Feldkirch yn de namme fan it bisdom Innsbruck.

Katedraal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De katedraal fan it bisdom is de domtsjerke Sint-Jakobus yn Innsbruck.

Yndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It bisdom is ûnderferdield yn 16 dekanaten: Axams, Breitenwang, Hall, Imst, Innsbruck, Jenbach-Fügen, Lienz, Matrei am Brenner, Matrei in Osttirol, Prutz, Schwaz, Sillian, Silz, Telfs, Wilten-Land en Zams, dy't wer ûnderferdield wurde yn meiïnoar 246 parochy's.

Patroanhillige[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De patroanhillige fan it bisdom is de jezuyt Petrus Canisius, dy't fan 1560 oant 1580 yn Tiroal wurke.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side