Bisdom Graz-Seckau

Ut Wikipedy
Wapen bisdom Graz-Seckau

It bisdom Graz-Seckau (Dútsk: Diözese Graz-Seckau; Latyn: Dioecesis Graecensis-Seccoviensis) is in bisdom fan de Eastenrykske tsjerkeprovinsje Salzburg.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It bisdom Seckau waard yn 1218 troch aartsbiskop Eberhard II fan Salzburg stifte. Dêrmei wie Seckau nei Gurk (1072) en Chiemsee (1215) it tredde eigenbisdom fan Salzburg. De biskopssit kaam yn de tsjerke fan it tsjintwurdich benediktynske kleaster fan Seckau. De biskoppen wennen lykwols net yn it stift, mar residearren op it Slot Seggau by Leibnitz yn it súden fan Stiermarken, somtiden ek yn Graz.

Yn 1786 ferhûze de biskopssit nei Graz en de Sint-Egidiustsjerke waard de nije katedraal fan it bisom. Nei't it bisdom Leoben yn 1859 by it bisdom Graz foege waard, foelen de grinzen fan it bisdom Graz tegearre mei dy fan de hjoeddeiske dielsteat Stiermarken.

Sûnt 1963 hyt it bisdom offisjeel Graz-Seckau.

Katedraal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Patroanhillige[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Patroanhilligen fan it bisdom binnne Rupert en Virgilius

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side