Benedicta Boccoli
Benedicta Boccoli | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Benedicta Boccoli | |
nasjonaliteit | Italjaansk | |
berne | 11 novimber 1966 | |
berteplak | Milaan (Itaalje) | |
etnisiteit | Italjaansk | |
reg. identiteit | Lombardysk | |
jierren aktyf | 1984 – no | |
offisjele webside | ||
www.benedictaboccoli.it |
Benedicta Boccoli (Milaan, 11 novimber 1966) is in Italjaansk toaniel-, tillefyzje- en filmaktrise.[1][2]
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boccoli waard yn 1966 berne yn it Noarditaljaanske Milaan, mar ferfear al jong mei har âlden en har jongere suske nei Rome ta, dêr't se opgroeide. Mei achttjin jier makke se har akteardebút op 'e Italjaanske tillefyzje, mar in pear jier letter ûntdiek se dat se har fral op it toaniel as in fisk yn it wetter fielt.
Fanwegen har treflike aktearprestaasjes krige hja fan regisseur Giorgio Albertazzi de bynamme Artistissima ("Artyste ûnder de Artysten"). Boccoli hat foar har wurk ek tige loovjende kritiken krigen yn foaroansteande Italjaanske kranten, lykas de Corriere della Sera, La Repubblica en La Gazzetta del Mezzogiorno. Eltse moandei skriuwt hja, yn gearwurking mei Massimiliano Giovanetti, in stikje fiksje foar de krante Il Fatto Quotidiano, ûnder it kopke Cosa Resterà; dat is it deiboek fan in tiner út 'e jierren tachtich. Boccoli har suster Brigitta Boccoli is ek aktrise.
Hichtepunten út Boccoli's karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- films
- 2003 – Gli Angeli di Borsellino (reg. Rocco Cesareo)
- 2007 – Valzer (reg. Salvatore Maira)
- 2008 – Pietralata (reg. Gianni Leacche)
- 2016 - Ciao Brother (reg. Nicola Barnaba)
- koarte film
- teäter
- 1992-1993 – Blithe Spirit (fan Noël Coward, mei Ugo Pagliai en Paola Gassman)
- 1994-1995 – Cantando Cantando (fan Maurizio Micheli, mei Maurizio Micheli, Aldo Ralli, Gianluca Guidi)
- 1995-1997 – Buonanotte Bettina (fan Pietro Garinei en Sandro Giovannini)
- 1998-1999 – Can Can (musical fan Abe Burrows)
- 1999 – Orfeo all'Inferno (opera fan Jacques Offenbach; as Terpsichoré)
- 2000-2002 – Polvere di Stelle
- 2002-2004 – Le Pillole d'Ercole
- 2004 – Anfitrione (fan Plautus)
- 2004 – Stalker (fan Rebecca Gillmann)
- 2004 – Plutus (fan Aristofanes)
- 2004-2006 – Fiore di Cactus
- 2006 – Prova a Farmi Ridere (fan Alan Ayckbourn)
- 2006 – The Tempest (fan William Shakespeare; as Ariël)
- 2007-2008 – Sunshine (fan William Mastrosimone)
- 2009–2010 – L'Appartamento (fan Billy Wilder)
- 2012-2013 – Vite private (fan Noel Coward, mei Corrado Tedeschi)
- 2014 – Dis-order (fan Neil LaBute, reg. Marcello Cotugno, mei Claudio Botosso)
- 2014 – Incubi d'Amore (fan Augusto Fornari, Toni Fornari, Andrea Maia, Vincenzo Sinopoli, reg. Augusto Fornari, mei Sebastiano Somma, Morgana Forcella)
- 2015 – Crimes of the Heart (fan Beth Henley, reg. Marco Mattolini)
- 2016 - Cactus Flower fan Pierre Barillet, Jean-Pierre Grédy, reg. Piergiorgio Piccoli, Aristide Genovese
- 2017-2018 - Il più brutto week-end della nostra vita fan Norm Foster, dir. Maurizio Micheli
- 2019-2020 - De test fan Jordi Vallejo, dir. Roberto Ciufoli[5]; [6]
- 2020 - Su con la vita fan Maurizio Micheli, dir. Maurizio Micheli[7]; [8]
- tillefyzje
- 1984 – Pronto, Chi Gioca? (reg. Gianni Boncompagni)
- 1987-1990 – Domenica In (mei har suster Brigitta Boccoli)
- 1994 – Unomattina
- 1997 – Due Come Noi (mei Wilma De Angelis)
- 2006-2007 Reality Circus (realitytillefyzjeprogramma)
Fotogalery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Benedicta Boccoli, Paola Bonesi en Fulvia Lorenzetti; Crimes of the heart, 1 maaie 2015.
-
Benedicta Boccoli mei har saksofoan; Crimes of the heart, 1 maaie 2015.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (it) & (in) Offisjeel webstee fan Benedicta Boccoli
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|