Ben Hulsman

Ut Wikipedy
Ben Hulsman
akteur
Ben Hulsman yn Citroentje met suiker (1972)
Ben Hulsman yn Citroentje met suiker (1972)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 25 maart 1931
berteplak Amsterdam
stoarn 7 maart 2018
stjerplak Amsterdam
jierren aktyf 1945 – 2005
offisjele webside
(in) IMDb-profyl
Ben Hulsman mei Cor Ruys yn Drie mannen en een meisje (1950)

Bernard (Ben) Hulsman (Amsterdam, 25 maart 1931 – dêre, 7 maart 2018) wie in Nederlânske toaniel-, film- en telefyzje-akteur.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hulsman kaam út in artystefamylje en debutearre op syn fjirtjinde. Fan 1959 oant 1961 wie er oansletten by it teäterselskip Puck en fan 1961 oant 1984 by Toneelgroep Centrum. Hy spile der yn stikken fan ferneamde toanielskriuwers as William Shakespeare, Bertolt Brecht, Jean-Paul Sartre en Harold Pinter. Ek bûten dizze toanielselskippen wie er yn it teater aktyf. Letter lei er him ek ta op it spyljen fan filmrollen, lykas ûnder mear yn de films Onder de maat fan regisseur Dick Maas, Ik ben Joep Meloen en Een frou als Eva fan regisseuse Nouchka van Brakel.

Bekend waard er lykwols troch syn rol fan de linkse pake Willem Bol yn de komyske telefyzjesearje Oppassen!!! dy 't yn de jierren 90 op telefyzje te sjen wie. Dêrfoar hie er ek al meispile yn de ek komyske telefyzjesearje De Brekers, wêryn 't er Huib, in wat louche figuer, delsette. Fierder spile er op 'e telefyzje in protte gastrollen, lykas yn Baantjer en Dossier Verhulst.

Priveelibben

Ben Hulsman wie de soan fan revuedanseres, skildersmodel en aktrise Juliëtte Hulsman (1911–1999). Syn beppe Hetty Ruys (1889-1973) wie in aktrise en de twillingsuster fan akteur Cor Ruys. Hulsman wie troud mei aktrise Rita Henneken. Hy ferstoar yn maart 2018 yn de âldens fan hast 87 jier.

Telefyzje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Film[bewurkje seksje | boarne bewurkje]