Bellevue (Washington)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Bellevue
King County Washington Incorporated and Unincorporated areas Bellevue Highlighted.svg
Sifers
Ynwennertal 132.100 (2013)
Oerflak 94,5 km²
Befolkingstichtens 1478 / km²
Stêdekloft 3.500.026
Hichte 26 m
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Washington
County King County
Boargemaster Conrad Lee
Oar
Stifting 1869
Postkoade 98009
Tiidsône Pacific (PST)UTC-8
*Simmertiid UTC-7
Webside bellevuewa.gov


Loftfoto fan sintrum Bellevue mei dêrefter it Washington Mar.
Bellevue-wa-map.png

Bellevue (útsprutsen: [bɛl´vju:], "bèlvjûû") is in stêd dy't heard by de 'Eastside', de eastlike foarstêden fan Seattle yn King County yn de Amerikaanske steat Washington. It leit oan de eastigge fan it Washington Mar en it leit yn de stêdekloft fan Grut-Seattle. It is de grutste foarstêd fan Seattle. Njonken in satellytstêd is it benammen ek in groeistêd. De stêd hie neffens de folkstelling fan 2010 in ynwennertal fan 122.363 en yn 2013 neffens in rûzing wennen der 132.100 minsken. It is de op 4 nei grutste stêd yn Washington.

Foar de ekonomyske krisis fan 2008 is de binnenstêd fan Bellevue hurd feroare, wêrûnder in soad nije heechbou en hie kwealiks te leien hân fan de krisis. De stêd hat de op ien nei grutste binnenstêd fan Washington mei sa'n 35.000 banen en 5000 ynwenners. Sjoen nei it ynkommen de haad is Bellevue de 6e rykste fan 522 mienskippen yn Washington. Yn 2008 neffens CNNMoney wie Bellevue it bêste plak om yn te wenjen en in saak te begjinnen. Yn 2010 wie Bellevue de op 3 nei bêste plak om yn te wenjen yn Amearika. De namme 'Bellevue' is Frânsk foar 'moai útsicht'.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Bellevue is stifte yn 1869 troch William Meydenbauer en waard offisjeel in stêd op 21 maart 1953. It plak bleau foarearst benammen in boeremienskip. Yn de 1920er jierren kamen der plannen en feroarje dat. Sakeman James S. Ditty foarseach in stêd fan 200.000 ynwenners mei in nust golfmêden, fleanfjilden en brêgen oer it Washington Mar. Hy ûntwurp in kaart fan dizze plannen yn 1928. Nei it yn 1940 reekommen fan de Lake Washington Floating Bridge, in driuwende brêge oer it Washington Mar dy't Bellevue rjochtstreeks mei Seattle ferbûn, ûntjoech it plak himsels ta in sliepstêd fan Seattle. Nei de bou fan in twadde brêge oar it Washington Mar, de Evergreen Point Floating Bridge begûn de stêd út te groeien ta ien fan de grutste stêden yn Washington mei heechbou en in warber sakesintrum yn de binnenstêd. Yn 1946 waard mei de bou fan it winkelsintrum Bellevue Square úteinset en is útgroeid ta ien fan de grutste winkelsintra yn de omkriten. Yn de 1980er jierren waard it sintrum útwreide en kreklyn hat der in nije útwreiding plakfûn oan de strjitte 'Bellevue Way', neamd 'The Lodge' en is de 140 m hege wolkekliuwer One Lincoln Tower, part fan it Lincoln Square. Dit hat it sintrum fan Bellevue ûntjûn ta grutste winkel en itenssintrum fan it eastlike part fan Eastside, it eastlike part fan de stêdekloft fan Grut-Seattle.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

Bellevue leit op de koördinaten 47°36´N 122°12´W. Neffens it United States Census Bureau omfiemet de stêd in oerflak fan 94,5 km², wêrfan 82,8 km² lân. De namme Bellevue betsjut yn it Frânsk: 'moai útsicht' en leagent der net om. Benammen op de hegere parten fan stêd binne by helder waar de Olympic Mountains yn it westen en de Cascades bergen yn it easten te sjen. Yn it westen leit de stêd tsjin it Washington Mar oan en yn it easten oan it Sammamish Mar. De Interstate 90 rint fan west nei east troch de stêd hinne fan Seattle oer de Murrow Memorial Bridge, foarhinne de 'Lake Washington Floating Bridge' oer it Washington Mar rjochting Spokane oer de Cascades. Fan súd nei noard rint Interstate 405, de rûnwei of 'bypass' fan Seattle. Yn it noarden fan de stêd rint de steatswei State Route 520 fan Interstate 405 fia de Evergreen Point Floating Bridge oer it Washington Mar nei Seattle.

Besuden de Interstate 90 is de berch Cougar Mountain, wêrop de stêd de helling op groeit. De stêd grinzet yn it noardwesten oan de stêden Medina, Clyde Hill, Hunts Point en Yarrow Point. Yn it noarden grinzet it oan Kirkland, yn it noardeasten oan Redmond, yn it easten besuden it Sammamish Mar leit Issaquah, yn it súdeasten oan de nij foarme stêd Newcastle, yn it suden oan Renton en yn it súdwesten fia Interstate 90 oer de East Channel Bridge mei Mercer Island, in eilân yn it Washington Mar.

Wiken yn Bellevue binne: Bridle Trails, Crossroads, Eastgate/Cougar, Factoria, Newport, Northeast Bellevue, Northwest Bellevue, Sammamish/East Bellevue, Somerset, Sunset, West Bellevue, West Lake Hills, Wilburton, and Woodridge.

It klimaat yn Bellevue is in myld seeklimaat mei in trochsneed simmer fan 24° C en winters sa'n 2° C. De totale wetterdelfal is 913 mm.

Ferkear en ferfier[bewurkje seksje | edit source]

Interstate 405 troch Bellevue

Bellevue is it mulpunt fan 'Eastside' busferfier. Der stiet in grut busstasjon yn it sintrum wêr't bussen fan fefiersmaatskippyen King County Metro en Sound Transit stopje. De bussen hawwe busrûtes oer de gânse Puget Sound krite. De stêd hopet op in lightrail ferbining fanút Seattle nei Redmond oer de saneamde Eastlink (in ûnderdiel fan de Link Light Rail, in lightrail systeem dy't Grut-Seattle betsjinnet) en in lightrail fan Sound Transit dy't in diel ûnder de grûn komt. Ek rint der in frachtspoar fan BNSF Railway troch de stêd.

Ekonomy[bewurkje seksje | edit source]

Sintrum fan Bellevue
Bellevue Skyline

Troch de lizzing fan Bellevue, 2 brêgeferbinings mei Seattle en it njonkenlizzende Redmond, it thús fan Microsoft en Nintendo in soad bedriuwen hawwe harren haadkantoar yn Bellevue, bygelyks: Bungie, Drugstore.com, Eddie Bauer, Expedia Inc., Paccar, Inc., Sharebuilder, Sucker Punch Productions, Symetra, T-Mobile USA en Valve Corporation. Measte fan dizze bedriuwen strutsen yn de 1990er jierren del yn Bellevue. It sintrum is in wichtich kommersjeel en finansjeel distrikt. Fierder binne der ferskate winkelsintra yn it sintrum en yn de bûtenwiken yn it noarden, easten en suden fan de stêd.

Der is in plan yn ûntjouwing 3,6 km² yn it noarden fan de stêd tsjin buorstêd Redmond oan en werûntjou it yn in nij winkel en kommersjeel sintrum yn it ramt fan de bou fan de lightrail fan it 'Eastlink' projekt. Lykas de súkses mei it werûntjaan fan it sintrum hopet it stêdsbestjoer hjirmei ek in lykas oare súkses te wurden. It doel is om drokte en ferkear better te ferdielen.

Yn Bellevue binne 6 iepenbiere en 3 privee skoalle foar fuortset ûnderwiis. Der is ek in Joadske privee skoalle foar leger ûnderwiis. Fierder is der it 'Bellevue College' en in takke fan de 'City University of Seattle'.

Nijsgjirrichheden[bewurkje seksje | edit source]

  • Bellevue Arts and Craft Fair, elts jier ein july.
  • Bellevue Sculpture Exhibition, in tentoanstelling fan ferskate keunstwurken om it jier yn it park yn it sintrum.
  • Strawberry Festival, in feest elts jier ta eare oan de eardere ierdbeitunen yn de krite.
  • Bellevue 24 Hour Relay, elts jier yn july yn it park yn't sintrum.
  • Bellevue Arts Museum, in museum oer keunst
  • KidsQuest Children's Museum, yn de wyk Factoria, in aktiviteitensintrum foar jonge bern.
  • Meydenbauer Center, flakby it sintrum oan Interstate 405. In kompleks mei romte foar gearkomsten en oare aktiviteiten. Ek is der in teäter.
  • Bellevue Botanical Gardens, botanysk park.

Demografy[bewurkje seksje | edit source]

Neffens de folkstelling fan 2010 wennen der 122.363 minsken en 50.355 hûshâldings. De befolkingstichtens wie 1478 / km². Der wiene 55.551 wentes. Der wennen 62,6% blanken, 2,3% swarten, 0,4% yndianen, 27,6% Aziaten, 0,2% Pasifyske Eilanners, 3,1% fan oare rassen en 3,9% fan mingde rassen. Etnysk wie 7% fan de befolking Hispanic of Latino.

Der wiene 50.355 hûshâldings wêrfan 30% mei bern ûnder 18 jier. De trochsneed âldens fan de befolking wie 38,5 jier. 21,2% fan de befolking wie ûnder 18 jier en 13,9% wie 65 jier en âlder. 50,1% wiene manlju en 49,9% froulju.

It trochsneed hûshâldynkommen wie $81.184. Sa'n 5,7% libbe ûnder de earmoed grins.

Yn 2006 wie Bellevue yn de top 25 fan feilichste plakken yn de Feriene Steaten.

Ferneamde ynwenners en âld-ynwenners[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Bibliography en Further Reading, op dizze side.