Bastiaan de Poorter

Ut Wikipedy
Bastiaan de Poorter
keunstner
Selsportret
Selsportret
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 5 novimber 1813
berteplak Meeuwen (Noard-Brabân)
stoarn 22 jannewaris 1880
stjerplak Meeuwen

Bastiaan de Poorter (Meeuwen (Noard-Brabân),5 novimber 1813 - dêre, 22 jannewaris 1880) wie in Nederlânske portretschilder, etser en litograaf.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Poorter studearre fan 1839 oant 1840 oan de Keninklike Akademy foar Byldzjende Keunsten yn De Haach en by Cornelis Kruseman. Yn 1839 waard er lid fan "Arti et Amicitiae" yn Amsterdam.

Hy wurke yn De Haach (1835-1840), Heusden (1840), Den Bosch (1841), Utert (1842-1861), De Haach (1861-1869), Amsterdam (1870-1879) en Meeuwen (1879-1879-1880).

Bastiaan de Poorter wie portret- en figuerskilder, etser en litograaf. Fan 1870 oant 1879 wied er direkteur fan de Ryksakademy foar Byldzjende Keunsten yn Amsterdam.

Hy joech les oan ûnder oaren Gerardus Willem van Dokkum en Ferdinand Oldewelt.

Hy eksposearre syn wurken op tentoanstellingen yn Amsterdam fan 1835 oant 1872.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: