Bartholomeus Breenbergh

Ut Wikipedy
Italjaansk lânskip
Bartholomeus Breenbergh, Joazef ferkeapet nôt, 1655

Bartholomeus Breenbergh (Dimter, 1598 - Amsterdam, 1657) wie in Nederlânsk keunstskilder.

Breenbergh fêstige him yn Amsterdam en gie yn 1619 nei Rome. Dêr wenne er by de Flaamske skilder Frans van de Kasteele en hy arbeide mei in oare Flaming, de lânskipsskilder Paul Bril, dy't doe in soad ynfloed op him hie. Fan 1623 ôf rekke er hielendal ûnder ynfloed fan de Italjaanske lânskippen fan de efkes âldere Cornelis van Poelenburgh. It wurk fan beide skilders is faak min út elkoar te hâlden. Breenbergh hie wer in protte ynfloed op de Frânske skilder Claude Lorrain. Breenbergh hearde ta de oprjochters fan de Bentvueghels, dêr't er "het fret" neamd waard.

Earst yn 1633 gie Breenbergh werom nei Amsterdam, dêr't er oant syn dea tahâlde, en dêr't er syn tekeningen en skilderijen makke neffens de tekeningen út Itaalje. Hy sied ek ûnder ynfloed fa de saneamde pre-Rembrandtisten, sa as Pieter Lastman en Nicolaes Moeyaert, mar hy sette harren Bibelske en mytologyske tafrelen yn Italjaanske lânskippen neffens de doetiidske moade.

Wurk (karút)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Joazef yn Egypte
  • Martlerdea fan de Hillige Laurentius
  • Moarn oan de Tiber
  • It Kolosseum
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bartholomeus Breenbergh fan Wikimedia Commons.