Avon (Warwickshire)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Avon yn Stratford-upon-Avon
Ien fan de twa skutsluzen tusken Avon en it Stratford-on-Avonkanaal

De Upper Avon, faak gewoan Avon neamd, is in 136 km lange rivier, mei in streamgebiet fan 2 670 km², yn Ingelân, dy’t troch de greefskippen Northamptonshire, Warwickshire, Worcestershire en Gloucestershire nei de Midlands streamt. De rivier wurdt ek wolris Warwickshire Avon of Shakespeare's Avon neamd. De rivier wurdt sûnt 1719 ferdield yn de Lower Avon, foarby Evesham, en de Upper Avon, fan Evesham oant boppe Stratford-upon-Avon.

De Avon ûntspringt yn it noarden fan Northamptonshire by it doarp Naseby. De earste kilometers fan de Avon is ek de grins tusken Northamptonshire en Leicestershire. Dêrnei rint de Avon nei it westen de Cotswolds by lâns, troch Rugby, Leamington Spa, Stratford-upon-Avon en Pershore. Yn Tewkesbury streamt de Avon yn de Severn.

It wurd Avon is ôflaat fan it Keltyske wurd abona dat ‘rivier’ betsjut.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]