Springe nei ynhâld

Auke Miedema

Ut Wikipedy
Auke Miedema
keatser
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 25 juny 1845
berteplak Frjentsjer
stjerdatum 6 septimber 1898
stjerplak Sweins
sportive ynfo
sport Keatsen
debút 1863 PC
karriêre-ein 1894
wichtige prestaasjes
8 PC oerwinnings en 4 PC preemjes

Auke Miedema (Frjentsjer, 25 juny 1845Sweins, 6 septimber 1898) dy’t fan berop ûnefeint wie op it tichelwurk yn Sweins wie ien fan de allerbêste keatsers út de 19de iuw. De earste kear dat syn namme opdûkt yn de keatserij wie yn 1863 doe’t er as 18-jierrige de krânse wûn yn Hjerbeam. Datselde jier makke hy syn debút op de PC, mar it soe gjin priis opleverje. Yn de jierren dêrnei kaam hy op de PC wol ta grutte suksessen. Hy soe dy partij mar leafst acht kear winne en fjouwer kear wie er ferliezend finalist. Hy stiet dêrmei noch altiten op it 5e plak fan de meast suksesfolle PC-keatsers. Doe’t yn 1883 foar it earst in PC-kening keazen waard foel him dy eare ta. Hy wie doe al 38 jier mar it soe net syn lêste PC wêze. Dat barde yn 1894. Hy wie doe 49 jier en ferlear yn de twadde omloop. Om’t yn de 19de iuw lang net alle útslaggen publisearre waarden, witte wy net hoefolle prizen Miedema krekt wûn hat. De Frjentsjerter Krante skreau flak foar de PC fan 1870 dat Miedema doe al syn santichste priis binnen hie.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • 'Theo Kuipers. "Auke Miedema (1845-1898), in kening mei in skaadside"'. De Keatsfreon, 2011. Side 41-43.