Atze Sijtsma

Ut Wikipedy

Atze Sijtsma (Rie, 1895 - Harns, 1988) wie in timmerman en fioelebouwer.

Atze Sijtsma fêstige him yn 1924 yn Harns en waard stedstimmerman/weiwurker by de gemeente, letter útfierder. Uteinlik waard er sjef yn de wurkpleats fan de gemeentewurken.
Hy hie in soad belangstelling foar klassike muzyk en hie in fyn ûntwikkele gehoar. Doe't syn dochter Gerry fioelspylje woe, boude hy sels in fioele foar har. Yn in hokje by syn wenning oan de Jacob Backerstrhjitte boude hy hûnderten strykynstruminten dy't oer de heule wrâld ferkocht binne. Yn de tritiger jierren ferskynden yn en bûten Fryslân meardere artikels en ynterviews oer syn wurk. Atze Sijtsma lei him ta op it bouwen fan strykynstruminten dy't noch altiten bespile wurde troch amateur-en beropsmuzikanten.

Yn de film 'De keunst fan it fioelebouwen', dy't ein jierren tritich troch yng. P. Suir te Harns makke waard, is fan stap ta stap te sjen hoe't Sijtsma in fioele bout. Om in fioele bouwe te kinnen, moast Sijtsma earst sels syn bysûndere skaven, beitels en snijmessen, syn kearnstikken, mallen en syn ta yn tsiende millimeters oanjouwende mjitynstruminten meitsje.

Yn it Hannemahûs fan Harns wie tusken 14 novimer 2010 en 16 jannewaris 2011 in tentoanstelling oer syn wurk. Hjir wienen mallen, allerhanne selsmakke ark, foto's en in unike film út de jierren sechtich te sjen, dêr't waarop Sijtsma sjen lit hoe't er in fioele bout.

It Frysk Keamer Orkest hie wyls 25 ynstruminten fan Atze Sijtsma trasearre, yn en bûten Fryslân. Dizze ynstruminten binne op twa konserten bespile. Ek Jaap Sijtsma spile as solist op syn sello mei op dizze oan Atze Sijtsma wijde konserten. Op Omrop Fryslân wie yn jannewaris 2011 in programma oer Sytsma.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Franeker Courant, 10 novimber 2010