Ampt fan Nijkerk

Ut Wikipedy
Ampt fan Neykerk

It "Ampt van Neykerk" út 1740, is de eardere slûswachterswenning en ryksmonumint oan de Arkerslûs yn de Arkerfeart by Nijkerk.

De wenning oan de Arkerfeartwei hjit offisjeel: Sluishuys van het Ampt van Neijkerk. Yn 1724 beslueten de Amptsjonkers fan Nijkerk (Nijkerk hie gjin stedsbestjoer, mar waard regeard troch de lânadel fan Nijkerk), omdat de ferbreding fan de Arkerfeart de kolk en de stiennen slûs ree komd wie (1720), in slûswachterswente te bouwen. Sa ûntstie in goede streekrjochte ferbining tusken Nijkerk en de Sudersee. Yn it resolúsjeboek fan 24 maaie 1724 stiet: waar op gedelibereerd is goed gevonden gen gearresteert dat een huys voor den sluijswagter sal geset worden. It resolúsjeboek fernijt fierders op 18 oktober 1724: waarna de Heeren Jonkeren na de sluijs zijn gereden om oculair inspectie te nemen van het nieuwe huys van den sluijswagter. It hûs hat in heech skyldtek mei twa hoekskoarstiens mei wynfanen. Yn it dak sitte 2 dakkapellen mei houten frontons. De doaromlisting bestiet út pilasters op hurdstiennnen basemintjes en hat ienfâldich sniene fersierings. De finsters hawwe tolverúts skoramen.

De troch de slûswachter ynde ynkomsten fan de Arkerfeart kaam yn dizze perioade in soad ta stân: sa waard ûnder mear it stêdhûs boud en de toerspits, mei it ferneamde klokkespul fernijd.

Boppe de doar yn de foargevel sit in snien wapen fan 'Het Ampt van Neijkerk'. De liuw yn it wapen soe ferwize kinne nei de Gelderske liuw. Nijkerk krige nammentlik stedsrjochten fan Reinald fan Gelre. It wapen mei de liuw waard yn elts gefal al sûnt de 16e iuw fierd.

De Arkerslûs is meardere kearen restaurearre en fergrutte. Yn 1986 is de stiennen slûs mei klapbrêge sloopt en ferfongen troch in nije, dy't op 4 septimber 1987 troch Prins Claus fan de Nederlannen út namme fan H.M. Keninginne Beatrix offisjeel yn gebrûk nomd is. Oan de noardkant fan it hûs leit rekreaasjeterrein Nij Hulckestein.