Alpineskye

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Alpineskyen.

It alpineskyen ûnderskiedt him fan it skyen op de Noardske manier trochdat hja by it alpineskyen mei de gehiele foet fêst klemd is oan de sky. By Noardske manier is hja allinne mei de foarfoet oan de sky befêstige en binne de hakken frij fan de sky.

It alpineskyen is net mear foarbehâlden oan de Alpenlânnen. It wurdt oer de gehiele wrâld beoefene sels ek yn de Noardske lannen. Dat is foaral te tankjen oan de ûntwikkeling fan skyliften, dêr't it makliker mei waard om op de hegere bergen te kommen, en om der dan yn “alpine” styl fan ôf te gean.

[bewurkje seksje] Disiplines

Binnen it alpineskyen binne fiif disiplines te ûnderskieden:

  • de Slalom: De slalom is de meast technyske disipline fan it alpineskyen. Dêrby komt it foaral oan op de technyske kwaliteiten fan de skyer om bochten te kombinearjen. De piste foar dy disipline is likernôch 40 meter breed en de gemiddelde hellingsgraad moat tusken 33 en 45% lizze.
  • de Reuzeslalom: De reuzeslalom by alpineskyen is in parkoers tusken poarten dy't besteane út peallen en flaggen. De blauwe en reade poarten wikselje mekoar ôf om de 15 à 25-30 meter.
  • de Super G: De Super G, is de op ien nei rapste foarm fan alpineskyen, dêr't de skyer in parkoers yn in sa koart mooglike tiid ôflizze moat. It parkoers foar de Super-G is minder bochtich as dy fan de reuzeslalom, en de ôfstân tusken de poartsjes moat op syn minst 25 meter wêze.
  • de Ôfdaling: De ôfdaling is de rapste fan de snelhydsnûmers fan it alpineskyen. Foar dat nûmer hawwe hja in parkoers dêr't inkeld gong en terreinkinmerken ass de technyske moeilijkheden optrede. It fertikale hichteferskil moat by in ôfdaling op syn minst 500 meter bedrage.
  • de Alpine-Kombinaasje: De Alpine-Kombinaasje is einliks net in aparte disipline, mar it bestiet út de disiplines ôfdaling en slalom.
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen