Alphons Boosten

Ut Wikipedy
Alphons Boosten
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 20 jannewaris 1893
berteplak Maastricht
stoarn 2 jannewaris 1951
stjerplak Utert
wurkpaad
berop/amt arsjitekt

Alphons Jean Nicolas Boosten (Maastricht, 20 jannewaris 1893Utert, 2 jannewaris 1951) wie in Nederlânske arsjitekt, dy't benammen bekend is fanwegen de tsjerkegebouwen dy 't er ûntwurpen hat. Hy wurke benammen yn de provinsje Limboarch.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boosten wie in soan fan in printer. As opketten jong folge er lessen yn arsjitektoanysk tekenjen en yn syn tsjinsttiid studearre er oan de skoalle foar arsjitektuer yn Amsterdam. Dêrnei stichte Boosten yn 1920 tegearre mei Jos Ritzen (1896-1961) in arsjitektefirma mei fêstigingen yn Maastricht en Heerlen. Harren earste grutte opdracht wie dy foar de Hillich Hert fan Jezustsjerke yn Maastricht yn 1921.

Om dyselde tiid hinne krige it duo opdracht om in nije tsjerke foar Eygelshoven te ûntwerpen. Beide tsjerken wiene tige omstriden, benammen de Hlilig Herttsjerke dy't yn dy tiid tige modern wie, benammen foar Limboarch dêr't fan de neogotyk amper noch ôsjoen wie. Nettsjinsteande de faak fûle krityk waarden beide tsjerken boud, al is de Hillich Herttsjerke nea alhiel neffens plan foltôge. It duo wist noch in tsjerklike opdracht yn de wacht te slepen, foar de fergrutting fan de tsjerke fan Margraten, mar dêrnei wie it dien. De eigensinnige styl dy 't Boosten en Ritzen yn har wurk tapasten noaske de konservative katolike geastliken net, en nettsjinsteande de byfal dy't de arsjitekten krigen fan kollega's út de rest fan it lân, ûnder oare fan de ynfloedrike Joseph Cuypers, krigen sy gjin grutte opdrachten mear. Yn 1924 sette Ritzen ôf nei Antwerpen om dêr dochs noch in suksesfolle karriêre as arsjitekt te begjinnen, en gie Boosten allinnich fierder.

Troch him tenei te rjochtsjen op it ûntwerpen fan ûnder oare kleasters, skoallen en huzen slagge it Boosten dochs en bou in suksesfolle karriêre op. Benammen yn Maastricht krige er in soad opdrachten. Yn 1924 waard nei syn ûntwerp yn Nieuwenhagen (Landgraaf) in filla mei praktykromte boud foar de pleatslike húsdokter. Henri Jonas wie belutsen by de dekoraasje fan it ynterieur. Yn Brunssum waard in komplete wenwyk boud neffens syn ûntwerp. Yn 1929 mocht er wer in tsjerke ûntwerpe, foar Bleijerheide, mar de styl dêrfan waard foar it grutste part foarskreaun troch de opdrachtjouwers. Nije opdrachten folgen lykwols, en fan de tsjerke foar Broekhem ôf datselde jier ûntwikkele Boosten in eigen styl, wêrby 't ekspresjonistyske details kombinearre waarden mei in fierhinne tradysjonalistyske bouwize. Hy waar ynspirearre troch de âlde romaanske tsjerken yn Limboarch. Hichtepunten binne de tsjerken fan Groot Genhout en Heksenberg. Fan 1939 ôf oant syn dea paste Boosten faak in wat moderne ferzje fan syn dochs al net al te tradisjonele styl ta. Wichtige foarbylden binne de tsjerken fan Stein-Kerensheide en Keent (Weert). Bûten Limboarch boude Boosten tsjerken yn Arnhim, Bunnik, de Sint-Amandustsjerke yn Zwevegem (België) en kapellen yn Schiedam en Nymwegen.

De Biskoplike Boukommisje fan it bisdom Roermond twong Boosten allegeduerigen ta konsesjes, mar likegoed makket Boostens wurk in tige unike yndruk dêr't de hân fan de arsjitekt altyd dúdlik yn te fernimmen is. Faak wurke Boosten op mei oare Limboarchske keunstners, lykas de skilders en glêskeunstners Henri Jonas en Charles Eyck en byldhouwer Charles Vos, wat in soad fan syn tsjerken mei fan grut keunsthistoarysk belang makket.

Nei de Twadde Wrâldoarloch, doe 't yn Limboarch in soad fernielde tsjerken ferfongen wurde moasten, waard Boosten de meast suksesfolle tsjerke-arsjitekt fan Limboarch. Under oare boude er tsjerken yn Maasbracht, Baexem en Horst (Sint-Lambertustsjerke ). Ek restaurearre hy inkelde tsjerken, ûnder oare dy fan Sint Odiliënberg. Op 2 jannewaris 1951, op it hichtepunt fan syn karriêre, ferstoar er yn it sikehûs by in operaasje. Yn de jierren dêrnei waard noch in oantal fan syn ûntwerpen boud troch oare arsjitekten, dêr't Boostens soan Theo by wie, dy't letter ek sels guon tsjerken ûntwerpe soe.

It arsjitekteburo Boosten bestiet noch hieltyd, no ûnder de namme Boosten-Rats.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjerken
Skoallen, tehuzen, ensfh.
Wenten

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Alphons Boosten, architect (1893-1951), Architectenweb.nl (deade keppeling)