Aksje T4
Aktion T4 wie de koadenamme fan nazi-Dútslân syn eugenetyske eutanasy- en ferplichte sterilisaasjeprogramma. It programma waard yn oktober 1939 mei úteinset fawege Adolf Hitler[1]. It buro dat dit Sonderprogramm útfoere moast wurke ûnder de lieding fan de rykslieder fan de kânselarij fan de Führer, Philip Bouhler, en fan Hitlers liifdokter, Dr. Karl Brandt. De namme T4 is ôflaat fan it adres fan it kantoar, Tiergartenstraße 4 yn Berlyn.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Doel
It doel fan it programma wie it behâld fan genetyske suverheid fan it Germaanske folk. Minsken dy't misfoarme of lichamlik beheind wienen of dy't te lijen hienen fan in psychiatrtske sykte, waarden systematysk fermoarde. Ien argumint om de moard te rjochtfeardigjen wie, dat it sinleaze bestean en it sinleaze lijen fan dy pasjinten in goede redn wie om ta eutanasy oer te gean. De nazi-artsen brochten it as in die fan barmhertigens en it waard foarsteld as de meast humane metoade om dy siken om te bringengezien als een daad van barmhartigheid (sa woe Dr.Karl Brandt it hawwe, de liifarts fan Adolf Hitler, Gruppenführer yn de SS en Generalleutnant yn de Waffen-SS.
[bewurkje seksje] Metoade en resultaat
Faak stie it útroegjen fan dizze minsken ûnder tafersjoch fan de psychiaters Carl Hans Heinze Sennhenn en Werner Villinger. Sennhenn levere hûnderten breinen oan nazi-ûndersikers. Werner Villinger fierde eksperiminten mei minsken út foardat sy de dea ynstjoerd waarden.
Tsjin de ein fan 1941 wie ien op de trije bewenners fan in psychiatryske ynrjochting yn Dútslân al dea, of troch moard of troch ferhongering, mar ek troch smoaren, ynjeksjes, fergiftiging en tefolle midikaasje. Dat betsjutte doe 93.000 frije bêden.
Op 18 augustus 1941 liet Hitler it programma tydlik stopje troch druk fan de Katolike Tsjerke (Clemens August kardinaal von Galen[2]), de oare kerken en de famyljes fan de slachtoffers; 70.000 minsken wienen doe al deadien. Der wurdt rûsd dat totaal 200.000 minsken stoaren ûnder it Aktion T4-programma. De aksje einige lykwols net yn 1941. Artsen en ferpleechkundigen gienen der mei troch yn sikehuzen yn Dútslân en Eastenryk. It waard sa oanpakt dat it wantrouwen fan de Dútse befolking tige beheind bleau. Sokke foarsoarchsmaatregels bekroade men him net om yn de besette gebieten.
[bewurkje seksje] Nei de kriich
Artsen en ferplegend personeel dy't belutsen wienen by it eutanasyprogramma waarden lang net altyd foar de rjochter brocht. Lang nei de stifting fan de nije Dútse steaten in 1949 (Bûnsrepublyk Dútslân) koenen hege amtners oan ferfolging ûntkomme en oan it wurk bliuwe yn de Dútse sûnenssoarch.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
[bewurkje seksje] Literatuer
- (in) "Nazi 'Euthanasia' Programs" in Dieter Kuntz, ed. Deadly Medicine: Creating the Master Race fan Michael Burleigh. United States Holocaust Memorial Museum/University of North Carolina Press, 2004. ISBN 0-8078-2916-1
- (de) Dokumente zur Euthanasie., Ernst Klee, ISBN 3-596-24327-0
- (de) Euthanasie im NS-Staat. Die Vernichtung lebensunwerten Lebens, Ernst Klee, Frankfurt am Main 1983, ISBN 3-596-24326-2
- (in) The Origins of Nazi Genocide. From Euthanasia to the Final Solution, Henry Friedlander, University of North Carolina Press, Chapel Hill & London, 1995, ISBN 0-8078-2208-6
- (in) A Sign for Cain, Fredrick Wertheim, MacMillan Company, New York, 1967, ISBN 0-8488-1657-9
- (de) Was sie taten. Was sie wurden, Ernst Klee, ISBN 3-596-24364-5
[bewurkje seksje] Keppelings om utens
- (in) Iatrocracy on a world wide scale - PF/SPK(H), Patientenfront/Sozialistisches Patientenkollektiv
- (in) EuthaNAZIa, nowdays? - PF/SPK(H), Patientenfront/Sozialistisches Patientenkollektiv
- (de) Inventar der Quellen zur Geschichte der 'Euthanasie'-Verbrechen 1939-1945
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|