Karl Brandt

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Karl Brandt

Karl Brandt (Mülhausen (no Mulhouse), 8 jannewaris 1904 - Landsberg am Lech, 2 juny 1948) wie in Dútse dokter en oarlochsmisdiediger.

Brandt wie de liifdokter fan Adolf Hitler en fan 1939 ôf it haad fan it T-4-eutanasyprogramma fan de nazi's. Hy wie ek rykskommissaris foar sûnens en sûnenssoarch.

De 'genededea - neamden de politike foaroanmannen fan it Tredde Ryk de likwidearring fan neffens harren 'ynferieure minsken': geastlik- en lichaamlik beheinden, blinen en dôven, 'doarpsgekken' én bern.

Dat koe fansels net sûnder it struktuerearre grutskalich meidwaan fan tal fan wittenskippers en dokters. Fan desimber 1946 oant augustus 1947 kamen dan ek 23 nazidokters foar de rjochter yn Neurenberg. As eardere Rykskommissaris, SS-Gruppenführer en Generalleutnant der Waffen-SS wie er de heechste yn rang fan de oanklage persoanen yn it ramt fan de neurenberger artseprosessen.

Op 19 augustus 1947 waard er skuldich ferklearre oan in ferskaat fan oarlochsmisdieden, ûnder oaren massamoard. Hy waard 2 juny 1948 yn de finzenis fan Landsberg ophongen. Brandt waard 44 jier.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]