Ai Tominaga
Ai Tominaga | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Ai Tominaga | |
nasjonaliteit | Japansk | |
berne | 1 augustus 1982 | |
berteplak | Sagamihara (Japan) | |
etnisiteit | Japansk | |
jierren aktyf | 2000 – no | |
offisjele webside | ||
www.tominagaai.net |
Ai Tominaga (Sagamihara, prefektuer Kanagawa, 1 augustus 1982) is in Japansk model en aktrise.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sy ferkynde op de omslach fan Vogue yn har heitelân en op de catwalk foar ûnder oaren John Galliano, Vivienne Tam, Anna Sui, Christian Dior, Karl Lagerfeld, Gucci, Michael Kors, Ralph Lauren, Dolce and Gabbana, Givenchy, Elie Saab, Alexander McQueen en Valentino. Tominaga hat yn tal fan moadeblêden te sjen west, lykas Vogue (yn Amearka, Frankryk, Grut-Brittanje, Japan, Ruslân en Dútslân), Harper's Bazaar, i-D en waard fotogravearre troch fotograven mei in protte ynfloed sa as Annie Leibovitz, Nick Knight, Steven Meisel, Ellen von Unwerth, Mert and Marcus en Peter Lindbergh. Earder hie se al in grutte rol yn reklamekampanjes foar Yves Saint Laurent (mei topmodellen Jacquetta Wheeler, Carmen Kass en Caroline Ribeiro), Gucci, Hermès, Tag Heuer, Banana Republic, en se is no it gesicht fan Moschino. Yn 2004 stie hja op de Pirelli-kalinder.
Persoanlik
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ai boaske yn 2004 oan in Japanske sjef-kok en krige in soan yn 2005.[1][2] It pear gie út elkoar yn 2009.[3][4][5][6][7]
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Offisjele webside
- Ai Tominaga yn de IMDb
- Ai Tominaga by Adversus.asia
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|