Carmen Kass

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Carmen Kass

Carmen Kass (Paide, 14 septimber 1978) is in Estysk supermodel.

Carmen Kass waard grut yn Paide. As famke wenne hja mei har mem, in lânarbeidster, yn in appartemint yn it doarpke Sika. Mei 14 jier waard sy ûntdutsen yn in supermerk yn Tallinn troch in Italjaanske modelleferkenner. Kass hie eigentlik meidwaan wold oan de Miss Estlân-ferkiezing, mar in oanbod om yn Milaan as model in karriêre te begjinnen like har in mear glamoureuze en lukrative opsje.

Doe't Kass 18 jier wie ferfarde hja nei Parys, nei't se op de covers fan ferskate grutte magazines stien hie, sa as Vogue (Frankryk en Feriene Steaten), Elle (Austraalje), Image (Feriene Keninkryk).

Yn 1999 stie Kass model foar tal fan bekende ûntwerpers dêr't Dolce & Gabbana, Gucci, Prada en Versace by wiene. Boppedat hat Kass yn tal fan reklames posearre fan û.o. Calvin Klein, Chanel en Donna Karan. Kass wie ek in wurdfierster fan Sephora, in bekend kosmetikamerk, en it parfum J'adore fan Christian Dior.

Kass waard troch Vogue oantsjutten as "Model fan it Jier" op de VH1 / Vogue Fashion Awards fan 2000.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]