Aeron

Ut Wikipedy
De Aeron yn Aberaeron

De Aeron is in rivierke yn it greefskip Ceredigion yn it westen fan Wales. De rivier mûnet yn Aberaeron út yn Cardiganbaai. Op âlde kaarten wurdt de stream ek de "Ayron" neamd.

De Aeron ûntspringt yn Llyn Eiddwen op de hichterige Mynydd Bach. Sy rint min ofte mear nei it westen en dêrnei nei it noarden nei see troch in brede delling, mei lege hichten oan de iggen. De sydrivierkes fan de Aeron binne de Gwenffrwd, Nant Wysg, Nant Picadilly, Nant y Wernen en Nant Rhiw Afallan.

Op wei nei see rint de Aeron Felinfach en it doarp Ciliau Aeron bylâns en streamt dêrnei tichtby de âlde bûtenpleats fan Llanerchaeron del, dy't no beheard wurdt troch de National Trust, en it stedsje Aberaeron, dêr't sy yn see útmûnet. Nettsjinsteande dat it mar in streamke is, húsmannet der in salm- en beek- en marforelpopulaasje.