Adoptyfkeizers
Ut Wikipedy
It tiidrek fan de Adoptyfkeizers, ek Adopsjekeizers neamd, lei tusken 96 en 180 en wie in perioade yn it Romeinske Ryk dêr't fiif keizers efterinoar, om't sy gjin eigen neisieten hienen, ien of twa soannen as opfolgers adoptearren. Dizze perioade wurdt ek wol de Pax Romana of Romeinske Frede neamd, dêr't alle keizers it keizerryk op in tige kundige wize yn regearden.
De bloeitiid fan de adoptyfkeizers einige doe't keizer Markus Aurelius syn eigen soan Kommodus as opfolger beneamde. Kommodus wie in wreed hearsker waans bewâld faak fergelike wurdt mei dat fan ("Galigula") en Nero.
De keizers, Caesars en keizerinnen yn dit tiidrek binne: (by allegear is de titel Caesar takend oan de adoptyfsoan, útsein by Kommodus)
- Nerva (96-98)
- Trajanus (98-117)
- Hadrianus (117-138)
- Antoninus Pius (138-161)
- Caesar: Markus Aurelius (138-161)
- adoptearre: Lusius Ferus
- Augusta: Faustina de Aldere (frou) 138-140/141
- Augusta: Faustina de Jongere (dochter) 146-161
- Markus Aurelius (161-180)