Springe nei ynhâld

Acid house

Ut Wikipedy

Acid House is in muzykstreaming dy't yn de jierren '80 yn Chicago furoare makke, en oan de basis leit fan frijwol alle ûnderstreamings fan de housemuzyk.

DJ Pierre ûntdekte earder tafallich dat syn Roland TB-303 synthesizer frjemde lûden produsearre at de batterij leech wie. Mei deselde lûden makke hy de earste Acid House tracks, dat wie yn 1985. De namme "Acid" ferwiist nei de slang-beneaming foar LSD, omdat de muzyk hiel frjemd en ferfoarme klonk, krekt lyk as je oan 't trippen binne. It sjenre pikte in jier letter stadichoan oan. De sjenrenamme wie op dat momint noch allinne Acid, mar yn Jeropa wie dizze beneamming al bekend as sammelnamme foar de Techno, Electro, Electronic Body Music en House muzyk.

De Smiley

Letter makke it sjenre de oerstek nei Grut-Brittanje, dêr't yn 1988 de twadde 'Summer of love' plakfûn, mei grutske iepenloft 'raves'. De smiley waard it symboal foar de Acid House, en yn dy tiid krige it sjenre ek de fêste namme "Acid House". Yn Dútslân ûntstie ûndertusken in fariant mei Technolûden: de Rave. Rûn dy tiid waard dat lykwols noch gewoan Acid House neamd.


Belangrike artysten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Acid House is ek de titel fan in roman fan Irvine Welsh, en is letter ek noch ferfilme.