Achtiende-riucht
Ut Wikipedy
It achtiende-riucht wie in ferbining fan twa 'njoggenen' yn it Eastergoa fan de 13e ieu oant ein 15e ieu.
It gebiet besloech Ferwerderadiel, Dongeradiel en Dantumadiel oan de iene kant en Ljouwerteradiel, Tytsjerksteradiel en Idaarderadiel mei Raarderhim oan de oare kant.
De 18 funksjonarissen ( 6 grytmannen en 12 'hearen' of bysitters ) foarmen in kolleezje foar bestjoers- en rjochtsoangelegenheden.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
.