Achmed Soekarno

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Achmed Soekarno

Achmed Soekarno (Soerabaja 6 juny 190121 juny 1970) wie in Yndonesyske steatsman. Hy waard de earste presidint fan de nije Republyk Yndoneezje. Yn Yndoneezje waard hy meastentiids Bung Karnoneamd (faak tegearre mei Mohammad Hatta, dy't Bung Hatta waard neamd).

[bewurkje seksje] Skiednis

Soekarno waard berne yn Soerabaja en wie al op jonge leeftyd aktyf yn de nasjonale beweging. Hy slute him oan by it ferset tsjin de Nederlânske oerhearsking fan it doe noch Nederlânsk-Ynje, dêr't hy in hieltiten prominintere rôle yn spile oant hy lieder fan it ferset wurden wie. Troch him waard yn 1927 de "Partai Nasionalis Indonesia" stiften. Fan 1929 oant 1932 ferbliuw hy yn de finzenis en fan 1933 oant 1942 yn ballingskip, dêr't hy troch de Jappaners út befrije waard. Alhoewol't hy net fel anty-Nederlânsk wie, wie hy wol oertsjogge pro-Aziatysk. Om die reden wurke hy yn de Twadde Wrâldkriich mei de Japanners gear, dat him nei de oarloch op it ferwyt kaam te stean fan kollaborateur.

Nei de Japanske kapitulaasje rop Soekarno op 17 augustus 1945 de Republyk Yndoneezje út, dêr't hy de earste presidint fan waard. Yn 1948 tidens de polisjonele aksjes waard hy troch de Nederlanners arresteare, mar ûnder drok fan de Feiligensried fan de Feriene Naasjes frijlitten. Nei de soevereiniteitsoerdracht yn desimber 1949 waard er presidint fan Yndoneezje en soe dat amt oant 1967 beklaaie.

Under syn regear wienen der spannings tusken kommunisten en moslims. Om de oanhâldende binnenlânske swierrichheden better ûnder kontrôle te krije wenne hy him hieltyd mear ta it leger. Fierders fierde hy in sterke nasjonalistyske polityk om alle ferskate folken fan Yndoneezje oan 'e leie te hâlden. Fan 1959 ôf kaam Yndoneezje yn diktatoriaal farwetter en lit er him yn 1963 ta presidint foar it libben beneamen. Mei buorlân Maleizje dat hy derfan beskuldige de islamityske krêften yn syn lân te ûnderstipen kaam it sawat ta in kriich.

Yn 1965 ferlit Yndoneezje de Feriene Naasjes en datselde jier komt it ta grutte reboeljes wêrby hûnderttûzenen minsken om it libben komme. De kommunisten ferlieze de slach en Soekarno syn posysje komt yn gefaar. Yn maaitiid 1966 wurdt hy twongen om de macht oer te dragen oan generaal Soeharto en yn 1967 rekke hy alle syn foegens as presidint kwyt. Troch it nij regear wurdt hy ûnder húsarrest set dat oant syn dea yn 1970 yn stân hâlden wurdt.

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen