Aar (Lahn)

Ut Wikipedy
Rin fan de Aar

De Aar is in 60 km lange linker sydrivier fan de Lahn yn Dútslân.

Hy ûntspringt yn de Taunus beëasten Orlen, streamt dêrnei by Taunusstein en Bad Schwalbach lâns nei Aarbergen. Nei sa'n 40 kilometer mûnet de Aar by Diez yn de Lahn út.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

'Aar' is in algemiene namme fan rivieren eb streamkes yn it Dútsktalige diel fan Sintraal-Jeropa. Sa hat de Lahn noch in sydrivier mei de deselde namme, de Aar (Dill). It wurd Aar, út de foar-Dútske tiid, betsjut 'fluchrinnend wetter' en yn metaforyske sin 'lytse river yn in romte tusken bergen'. It wurd is bewarre yn delsettingsnammen einigjend op -ach.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Hans Krahe, Unsere ältesten Flussnamen, 1964.