Aalden

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Jantina Hellingmûne

Aalden is in esdoarp yn de gemeente Coevorden (oant 1998 Sweeloo) tusken Meppen (súdwesten) en Sweeloo (noardeasten).

Typysk Drintsk sândoarp mei âlde saksyske pleatsen en in mûne, de achtkante beltmûne 'Jantina Helling' (1890). Op dit plak waard al yn 1652 in standertmûne boud. Dizze waard yn 1835 ferfongen troch in gruttere achtkante mûne, dy't yn 1890 by ûnwaard ôfbaarnde, wêrnei't de hjoeddeiske mûne ta stân kaam.

Aalden is bekend troch de pleats 'Hoes van Hol An' (1688), restaurearre yn 1965 en no in restaurant, en it bungalowpark Aelderholt (Landal GreenParks) mei swimbad en golfbaan.

Beskerme doarpsgesicht sûnt 1969. Oan de noard- en eastkant fan it doarp rint de Aalderstroom, dy't oergiet yn de Westerstroom. Yn it noardeasten leit it ûnûntgûne Aalderfjild; yn it suden de Aalderesch.

Boarnen fermelde: Alede (1322), tAelden (1381-83), tho Eelde (1482) en Alen (1851-55). De útlis derfan is twaliddich: a) Aa-lede: wetterrin nei de A (it rivierke), b) âlde plant- of beamnamme: alud (bitter), aladh (fieding, spize), aldin (ytbere fruchtbeam) en/of alda (fruchtdragende iik).

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: