Betinkstien foar Sneuvele Kanadezen (Snits)

Ut Wikipedy
De betinkstien

De Betinkstien foar Sneuvele Kanadezen is in monumint as oantinken oan de Kanadeeske slachtoffers dy't yn de Twadde Wrâldoarloch foelen by de befrijing fan de stêd Snits.

Monumint[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De betinkstien toant it reliëf fan in eskdoarnblêd, in saneamde Maple Leaf. Dit blêd is it nasjonale symboal fan Kanada. De stien is ynmitsele yn de eastlike bûtenmuorre fan de Grutte- of Martinytsjerke en waard ûntbleate op 17 septimber 1947. Op it monumint stiet de tekst:

Q.O.R. of C.
H.H. PENNELL G.W. OUDERKIRK
W.L. JACKSON S.W. WHITE

IF I SAVE MY LIFE, I LOSE IT.
15-4-1945

De ôfkoarting yn de tekst, Q.O.R.C., stiet foar it rezjimint fan de fallen militêren: Queens Own Rifles Of Canada. De spreuk "If I save my life, I lose it" komt út in gedicht fan de Ingelske dichter Alfred Tennyson.

It monumint stiet net direkt oan de dyk, mar is ôfskieden mei in stek. Oan beide siden steane flaggehâlders.

Betinking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle jierren is by it monumint in betinking en krânslizzing.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: