Springe nei ynhâld

Église Saint-Juvin (Saint-Juvin)

Ut Wikipedy
Sint-Juvinustsjerke

Église Saint-Juvin

Lokaasje
lân flagge fan Frankryk Frankryk
regio Grand Est
departement Ardennen
plak Saint-Juvin
adres 2 Impasse de l'Église
koördinaten 49° 20' N 4° 56' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Reims
patroanhillige Sint-Juvinus
Arsjitektuer
boujier 1614-1624
monumintale status histoarysk monumint
Webside
Side fan de Sint-Benediktusparochy fan Caudebec-en-Caux
Kaart
Église Saint-Juvin (Frankryk)
Église Saint-Juvin

De Église Saint-Juvin (Sint-Juvinustsjerke) yn Saint-Juvin yn it Frânske departemint Ardennen is in wartsjerke út de 17e iuw. De tsjerke hat gjin klokketoer en de massiviteit fan it gebou jout de tsjerke it oansjen fan in militêr bolwurk. Troch de koarte boudtiid fan 12 jier is de tsjerke wat styl oanbelanget in homogeen gebou.

Byld fan Sint-Juvinus, de patroanhillige yn de tsjerke

De tsjerke waard boud tusken 1614 en 1624 nei't de kontrei al in skoft slim te lijen hân hie fan de hugenoate-oarloggen. Alhoewol't it doarp al in tsjerke hie, bouden de ynwenners de nije fersterke tsjerke sa'n hûndert meter fierder fan it âlde plak. De tsjerke waard op 14 augustus 1643 ynwijd.

Tsjin it ein de Earste Wrâldkriich, yn oktober 1918, soe it 1e Amerikaanske Leger yn it ramt fan it Maas-Argonne-offensyf de Kriemhilde Stellung oanfalle, dy't achter de Hindenburgliny lei. De bombardeminten en in eksploazje fan in Amerikaansk munysjedepot ferneatige trijfearn fan it doarp Saint-Juvin, ûnder oaren de tsjerke. De tsjerke stie as histoarysk monumint ynskreaun en waard tusken 1931 en 1935 op eksakt deselde wize wer opboud. It dak is sûnt lykwols net mear fan hout mar fan wapene beton.

Yn 'e tsjerke is in wijwetterbak út de 15e iuw, in 16e-iuwsk houten byld fan de hillige Juvinus as hoeder mei oan syn fuotten twa bargen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Fransktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: fr:Église Saint-Juvin de Saint-Juvin