Springe nei ynhâld

Gildepinning

Ut Wikipedy

In gildepinning waard yn de 17e en 18e iuw brûkt troch gilden yn de stêden om de gildebruorren by elkoar te roppen foar gearkomsten, begraffenissen of as legitimaasjeteken. It wienen meast koperen munten - foar ferstoarnen waarden sulveren brûkt - mei in foarstelling der op dy't mei it gilde te krijen hie en mei de namme en nûmer fan de besitter der op.

De Fryske pinningen foarmen in aparte groep fan de Nederlânske gildepinningen. De technyk wie oars, meastentiids binne se gravearre, en troch de fraaie útfiering. It Frysk Museum hat in kolleksje gildepinningen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok, en M. Wiegersma, red. - Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958) : Gildepenning.