Springe nei ynhâld

Breugemanspiip

Ut Wikipedy

In breugemanspiip waard troch net-troude susters fan in breid oan it breidspear jûn. De lange piip hie in sulveren dop en keunstblommen mei papierene franjes oan de stâle. De breugeman smookte meastentiids foar de foarm in pear kear út, wêrnei't de breugemanspiip as oantinken oan de troudei yn in kastke efter glês setten waard. Yn it Frysk Museum binne noch ferskate fan sokke pipen te besjen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Bruidegomspijp.