Springe nei ynhâld

Zuma (album)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Zuma)

Zuma is it sânde studio-album fan de Kanadeeske sjonger en gitarist Neil Young en it earste dat er opnaam hat nei trije sombere albums, de “Ditch Trilogy”. Dit album is útkaam yn 1975 en bestiet foar it grutste part út stevige (country-)rock songs.

Foar it earst yn jierren spile Neil Young wer mei syn begeliedingsband Crazy Horse. It plak fan de ferstoarne Danny Whitten waard ynfold troch Frank ‘Poncho’ Sampredo. Op it lêste ferske “Through my sails” sjonge Crosby, Stills en Nash mei. It liet "Cortez the Killer" duorret rom sân minuten en hat lange gitaarsoloos. Dat liet hat Neil Young letter ek regelmjittich spile op konserten. “Danger bird” hat ek lange gitaarsoloos en blues ynfloeden.

It album bestiet út de folgjende lieten.

  • Don’t cry no tears*****
  • Danger bird*****
  • Pardon my heart****
  • Lookin’for a love*****
  • Barstool Blues*****
  • Stupid girl****
  • Drive back****
  • Cortez the killer*****
  • Through my sails***

De stjerren jouwe de beoardieling oan fan de lieten troch “The Ultimate Music Guide: Neil Young”. Op de hiemside “All Music Guide “ wurde de albums fan in bepaalde artyst beoardiele. Beide beoardielingen rinne fan ien stjer (“striemin” ) oant fiif stjerren (“poerbêst)”. Dit album hat fjouwer en in heale stjer krigen.

  • Neil Young – sang, gitaar
  • Frank Sampredo- ritmegitaar
  • Billy Talbot – bas, sang
  • Ralph Molina – drums, sang
  • Tim Drummond – basgitaar
  • David Crosby – sang
  • Graham Nash – sang
  • Stephen Stills – bas, sang
  • Russ Kunkel - perkusje

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]