Yolanthe Cabau van Kasbergen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Yolanthe Sneijder-Cabau)
Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


Yolanthe as miss Giro bij de Giro d'Italia, 9 maaie 2010

Yolanthe Cabau van Kasbergen (Ibiza, 19 maart 1985) is in Spaansk-Nederlânske aktrise en telefyzje-presintatrise.

Neist har wurk as aktrise en presintatrise hat hja mei Arjan Erkel in eigen stifting, Stop Kindermisbruik, dy't har ynset om bernemisbrûk foar te kommen, misbrûkte bern te befrijen, en harren dêrnei te helpen de trauma's oer te kommen en in takomst te jaan.

Nijsgjirrich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Yn juny 2006 en maaie 2007 keazen de lêzers fan it manneblêd 'FHM' har as de meast seksy frou fan Nederlân.
  • Ein maart 2007 wûn Cabau van Kasbergen BNN's Haadpriis foar bêste aktrise.
  • April 2007 waard bekend dat Yolanthe ferkearing hie mei de Folendamske sjonger Jan Smit. Sûnt augustus 2007 wennen hja tegearre, earst yn Hilfertsom, letter yn Folendaam. Op 19 maaie 2009 waard bekend dat sy definityf út elkoar binne.
  • Sûnt maaie 2009 hat sy in ferhâlding mei fuotballer Wesley Sneijder. Op 7 april 2010 binne hja foar de Nederlânske wet troud. Op 17 july 2010 hat it koppel elkoar it ja-wurd jûn yn Itaalje.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Film[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Film Rol Oantekening
2004 Snowfever Banaantje Op offisjele webside stiet Brenda
2006 Turkse chick Dilara Koarte film
Complexx Lianne
2008 Kung Fu Panda masteresse Tigerinne as stimaktrise, Nederlânsktalige neisyngronisearring
2009 Het geheim van Mega Mindy Miss Volta/Mega Volta
2008 Kung Fu Panda 2 masteresse Tigerinne as stimaktrise, Nederlânsktalige neisyngronisearring
2013 Pain & Gain Analee Calvera
2016 Kung Fu Panda 3 masteresse Tigerinne as stimaktrise, Nederlânsktalige neisyngronisearring

Telefyzje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Searje Rol Oantekening
2004 Erfelijkheid Julia mini-searje
Het Glazen Huis Studint gastrol yn twa ôfleveringen (afl. Shit en afl. Liefdadigheid)
2005-2008 Onderweg naar Morgen Julia Branca
2005 Costa! de Searje Haremfamke gastrol foar fjouwer ôfleveringen (ôfl. Zon, zee, seks en een prins diel 1t/m 4)
2006 Sprint! Anouk gastrol foar ien ôflevering (ôfl. 8)
2009-2010 Voetbalvrouwen Kate Witte telefyzjerige
2010 Flikken Maastricht Elke gastrol foar ien ôflevering (ôfl. Heksen)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]