Wopke Jakobs de Jong
Wopke Jakobs de Jong (Grou, 24 maart 1799 - Sint-Jabik, 17 oktober 1852) wie in Frysk skoalmaster, skriuwer en amateurtekener. Hy skreau himsels Wopke de Jong, Jac.zn.. Hy skreau sawol yn it Nederlânsk as it Frysk. Hy wie ûnderwizer yn Drachten en Sint-Jabik.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy waard berne yn Grou as soan fan timmerman Jakob de J. en Jetske Hasselaar. It wie dûmny S.W.C. Engelberts te Grou dy't seach dat Wopke in goed ferstân hie. Op syn oanrieden lieten syn âlders him foar skoalmaster leare. Sels joech er him les yn ûnder oare Latyn.
Nei syn learlingetiid waard er yn 1819 skoalmaster yn Suder Drachten. Op 8 maaie 1824 boaske er oan Jantje Jobs Posthuma, dochter fan in apteker. Yn 1826 waard er beneamd ta haad fan de skoalle yn Sint-Jabik, wat er dêr oant syn dea ta bliuwe soe. Wopke de Jong foel op troch syn geleardheid en syn talint foar tekenjen en skriuwen.
De Jong syn anonym ferskynde pamflet De dominys hifke, mar follen to licht achte (Sint-Anne, 1840), wie in skerpe satire op predikanten dy't harren ferheven boppe oaren fielden, harren from foardienen, mar earmelju mijden en harren leaver fêtearje lieten troch rikelju, dy 't om in deihier preekje en bidde, dy 't graech de Hosanna's hearre, mar er for bitankje om it krùs fen Him, dy 't se hjar Hear neame op hjar to nimmen en him nei to folgjen. Dat joech in soad opskuor op It Bilt, benammen ûnder de predikanten, en in protte minsken woe it net oan dat de djip religieuze De Jong de skriuwer wie. Ds. Wybe Mebius fan Sint_Jabik neamde it yn in preek in duivelsch pamflet. Dr. B.W. Schultetus Aenaee naam it lykwols foar him op en sette it pamflet oer yn it Nederlânsk en joech it foar eigen rekken út yn 1841.
De Jong wie ek de oersetter fan in stikmannich ferzen fan Horatius en Ovidius dy't yn de Friesche Volksalmanak fan 1845-47 en yn de Ljouwerter Krante ferskynden. Fierder ferskynde fan him wurk yn de Friesche Volksalmanak fan 1839-49; Bijekoer (1846 en 1850) en skreau er De kening to Ljouwert (1852) en Jancko Douwama uwt syn finsenis to Vilvoarden oan syn wijf, nei it Hollansk fen G.T.N. Suringar (Ljouwert 1866).
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|