Hatred (film út 2016)
Hatred | ||
film | ||
makkers | ||
regisseur | Wojciech Smarzowski | |
produsint | Film itp. z o.o. | |
senario | Wojciech Smarzowski | |
muzyk | Mikołaj Trzaska | |
distribúsje | 20th Century Fox (Dútslân) Freestyle Releasing (Noard-Am.) | |
spilers | ||
haadrollen | Michalina Łabacz Vasyl Vasylyk | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Poalen | |
premiêre | 7 oktober 2016 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | drama | |
taal | Poalsk, Oekraynsk, Dútsk | |
spyltiid | 150 minuten |
De film Hatred of Volhynia (orizjinele Poalske titel: Wołyń) is in Poalske film út 2016. As ynternasjonale titel wurdt ek wol Hatred: Murder of the Innocent brûkt. De film spilet yn de tiid fan 1939 oant 1943 en it sintrale tema is de folkemoard op de Poalske mienskip fan Wolhynje en East-Galysje.
De film waard regisearre troch Wojciech Smarzowski nei hast twa jier histoarysk ûndersyk. Hy brûkte dêrby in samling fan koarte ferhalen mei de Poalske titel "Nienawiść" (Haat) fan Stanisław Srokowski, skreaun fanút it perspektyf fan in bern, en de oantinkens fan tsjûgen.
De film waard op it 41e Poalske Filmfestival fan Gdynia nominearre foar de Gouden Liuw en krige foar it kamerawurk, foar it bêste debút en de bêste make-up in ûnderskieding.
Ferhaal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e maaitiid fan 1939 is Zosia, in jong Poalsk boerefamke, fereale op de Oekraynske Petro út itselde doarp. Har heit twingt har lykwols te boaskjen mei in begoedige Poalske widner.
As de Twadde Wrâldoarloch útbrekt rûke Oekraynske nasjonalisten harren kâns om troch kollaboraasje mei de besetter Wolhynje te suverjen fan alles wat net-Oekraynsk is. Yn 'e simmer fan 1943 en fral op de Bluoderige Snein fan 11 july 1943 besiket hja de wrede oanfallen fan de Oekraïners te oerlibjen.
Histoaryske gearhing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De persoan fan de ofsier fan it Poalske thúsleger om te ûnderhanneljen mei it Oekrayske Opstannelingenleger (UPA) ferwiist nei de dichter en ofsier Zygmunt Rumel, dy't yn it plak dêrfan troch soldaten fan de UPA oan fjouwers hynder bûn en yn stikken skuord waard.
- De ynfal fan Oekraïners yn 'e katolike tsjerke giet werom op de oanfal fan 11 july 1943 yn it doarp Kisielin, in datum dy't yn de neitins "Bluoderige Snein" neamd wurdt. Sokke oanfallen waarden op 'e selde dei ek útfierd yn Poryck, Chrynów, Krymno en Zabłoćce.
- De sêne fan it segenjen fan bilen, seinen en heafoarken stiet yn it ljocht fan in barren op 28 augustus 1943 yn it doarp Sztuń by Liuboml. De preek yn de otterdokse tsjerke fûn op 27 septimber 1943 yn it doarp Ivankowicze plak.
- De Poalske wraakaksje soe betrekking hawwe kin op de moardpartij yn Sahryń (10 maart 1944) of op de moardpartij fan Pawłokoma (3 maart 1945), alhoewol't yn Pawłokoma de froulju en de bern sparre bleaune.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Michalina Łabacz - Zosia Głowacka
- Arkadiusz Jakubik - Maciej Skiba
- Wasyl Wasyłyk - Petro
- Adrian Zaremba - Antek Wilk
- Izabela Kuna - mem fan Zosia
- Jacek Braciak - heit fan Zosia
- Maria Sobocińska - Helena, de suster fan Zosia
- Aleksandr Zbarażski - Vasyl Huk, de man fan Helena
- Andrzej Popiel - Romek Głowacki, de broer fan Zosia
- Matylda Krajewska - Marysia Skiba, dochter fan Maciej
- Ignacy Sut - Franek Skiba, soan fan Maciej
- Lech Dyblik - Hawryluk, buorman fan Skiba
- Tomasz Sapryk - Izaak Menzl
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Poalske histoaryske film
- Poalske oarlochsfilm
- Poalske dramafilm
- Histoaryske oarlochsfilm
- Film út 2016
- Poalsktalige film
- Oekraynsktalige film
- Dútsktalige film
- Film oer de Twadde Wrâldkriich yn Jeropa en Afrika
- Film oer ras of etnisiteit
- Film oer genoside
- Film oer in besetting
- Film oer in oarlochsmisdie
- Film basearre op wiere foarfallen