Wikipedy:Ofbylden brûke
Appearance
Op de siden fan de Wikipedy kinne ôfbylden opnaam wurde.
Keppeling
[boarne bewurkje]In ôfbyld wurdt opnaam op in side troch in keppeling op te nimmen mei de side dêr't it ôfbyld omskreaun is. Sa'n ôfbyldside wurdt fansels makke as immen in triem oanbiedt oan de Wikipedy. Dat at jo [[Ofbyld:FryslanFlagge.jpg]] op in side skriuwe, dan bart der dit:
Der binne noch in tal opsjes by in ôfbyld:
- left, center as right - dêr't jo it plak fan it ôfbyld mei oanjaan kinne.
- frame, thumb - dy't in râne om it ôfbyld sette, en romte litte foar in ûnderskrift; "frame" op gewoane grutte, "thumb" in miniatuer.
- 350px, as in oar tal - hoe grut de miniatuer wêze moat. De lêzer kin de miniatuergrutte sels ynstelle dy't past by syn situaasje, dat jou gjin fêste grutte op at it net hoecht.
- - al it oare is in ûnderskrift, at der in râne is, as in opmerking, at dy der net is.
At der gjin triem mei de opjûne namme op de Fryske Wikipedy is, dan wurdt ek socht op http://commons.wikimedia.org - Commons - in mienskiplike gearring fan triemen foar all WikiMedia-projekten.
Dêrom wurdt foar [[Ofbyld:Frisian flag.svg|thumb|center|250px|Dizze flagge komt fan [http://commons.wikimedia.org Commons].]] al in ôfbyld fûn, en dat liket dan sa: