Ielgoes: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Robot: interwiki gewijzigd van sl:Veliki kormoran naar sl:Kormoran
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: kl:Oqaatsoq
Rigel 53: Rigel 53:
[[it:Phalacrocorax carbo]]
[[it:Phalacrocorax carbo]]
[[ja:カワウ]]
[[ja:カワウ]]
[[kl:Oqaatsoq]]
[[ku:Qirmiraviya reş]]
[[ku:Qirmiraviya reş]]
[[lt:Didysis kormoranas]]
[[lt:Didysis kormoranas]]

De ferzje fan 8 feb 2013 om 04.12

Berjocht:Soart De Ielgoes is in fûgel út de famylje fan de ielgoesfûgels.

Foarkommen

De ielgoes is in hielendal grutte swarte wetterfûgel fan sa'n 77-94 sm by in gewicht fan 2,5 oant 3,5 kg. De Ielgoes sit hielendal swart yn de fearren, yn it briedseizoen hawwe de fûgels in wite flek op de underkant fan de kop efter de snaffel. De Ielgoes hat in grutte snaffel mei in heak op'e ein. Oan it begjin fan de snaffel hat er in giele flek.

Fersprieding

De Ielguozzen komme yn hiel Jeropa oan de kust foar. By't winter lûke de noard-eastlike fûgels mear nei it suden en it westen.

Iten

De Ielguozzen ite foaral fisk, dy't se fange troch ûnder wetter te dûken. Yn tsjinstelling ta de measte oare wetterfûgels hawwe de Ielguozzen gjin beskermjende fetlaach yn de fearren. In foardiel hjirfan is dat de Ielguozzen djipper dûke kinne. It neidiel is wol dat syn fearren fol wetter komme wêrtroch't hy skoften syn wjukken yn de sinne droegje moat foardat er wer fleane kin. Ielguozzen binne dan ek faak oan de kant fan it wetter te sjen mei de wjukken wiid útinoar om se yn de sinne te droegjen.

Fuortplanting

De Ielguozzen briede yn koloanjes yn beammen of op de rotsen.