Asteroïde: ferskil tusken ferzjes
L r2.7.1) (Bot - derby: kk:Астероид |
Luckas-bot (oerlis | bydragen) L r2.7.1) (Bot - derby: ia:Asteroide |
||
Rigel 69: | Rigel 69: | ||
[[ht:Astewoyid]] |
[[ht:Astewoyid]] |
||
[[hu:Kisbolygó]] |
[[hu:Kisbolygó]] |
||
[[ia:Asteroide]] |
|||
[[id:Asteroid]] |
[[id:Asteroid]] |
||
[[yi:אסטערויד]] |
[[yi:אסטערויד]] |
De ferzje fan 29 jul 2011 om 15.56
Planetoïden, ek wol asteroïden, lytse planeten of mindere planeten[1] neamd, binne stikken matearje yn ús sinnestelsel dy't him krektas planeten yn in baan om de sinne bewege. Der binne wyls mear as 300.000 bekend. Fierwei de measte hawwe banen tusken de planeten Mars en Jupiter. De grutsten binne hast 1000 km grut, mar de fierwei de measten binne sa lyts as stof. Dy lêsten binne mei in teleskoop net te sjen, mar se komme faak as fallende stjerren op ierde. It materiaal skynt faak stieneftich te wêzen, mar soms is it izer- of nikkelhâldend en op grutte ôfstân fan de sinne binne der ek iisplanetoïden. In planetoïde wurdt ek lytse planeet of asteroïde neamd. De term asteroïde wurdt ornaris brûkt om in ferskate groep lytse himellichems yn ús sinnestelsel te beneamen dy't in omrinbaan hawwe om ús sinne. Asteroïde (Gryksk foar "op in stjer lykjend") is it meast brûkte wurd yn de Ingelske literatuer foar lytse planeten. De International Astronomical Union kiest de term lytse planeet. Guon talen, wêrûnder ek it Frysk, kieze planetoïde (Gryksk foar "op in planeet lykjend"). Yn oersettings komt asteroïde faak foar.
In 2006 hat de International Astronomical Union de term lyts sinnestelsellichem (small solar system body) ynfierd, dy't de measte hemellichems omfet dy't eartiids as lytse planeten of kometen oantsjutten waarden. Tagelyk waard de term dwerchplaneet ynfierd wêryn de grutste lytse planeten en ek Pluto yndield waarden. Om dwerchplaneet neamd te wurden moat it himellichem swier genôch wêze om troch syn eigen swiertekrêft in rûne foarm oannomd te hawwen enn moa de omrinbaan om ús sinne wêze. As de massa sa grut is dat der gjin oare meatearje mear uis yn syn omrinbaan dan is sprake fan in planeet.
De earst ûntdekte planetoïde (1) Ceres waard in dwerchplaneet doe't de definysje feroare op 24 augustus 2006.
Fan de ierde ôf binne de measte planetoïden te lyts om mar mei in teleskoop details sjen te litten, it binne net mear as ljochtpuntsjes, sa't ek in stjer der útsjocht. Dat is grif ek de reden wêrom't se yn in oantal talen asteroïde neamd wurde.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Asteroids fan Wikimedia Commons. |