Balkan: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
Rigel 89: Rigel 89:
[[zh:巴尔干半岛]]
[[zh:巴尔干半岛]]
[[zh-classical:巴爾幹半島]]
[[zh-classical:巴爾幹半島]]
[[zh-min-nan:Balkan Poàn-tó]]

De ferzje fan 6 nov 2009 om 17.38

De Balkan of Balkanskiereilân foarmet it eastlikste skiereilân fan de trije grutte skiereilannen yn Europa en waard foar it earst yn 1808 sa neamd troch de Dútse geograaf August Zeune. It wurdt yn it noarden begrinze troch de rivieren Sava en Donau en yn it noardwesten troch de line Triëst - Ljubljana. It ûntlient syn namme oan in berchrige yn Bulgarije dy't troch de Turken (en no ek troch de measte oare folken, mar net troch de Bulgaren) Balkan neamd wurdt, wat Beboske Berchtme betsjut. De Bulgaren hawwe it oer it Stara Planina (Стара Планина). Mei dy oantsjutting, dy't Ald Berch betsjut, doele se allinnich op it berchtme en net op it skiereilân.